Radio Froskepôle fan 12 oktober 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

In protte nij wurk jûn yn Radio Froskepôle. Sa is der de hiele wike omtinken foar de nije cd 'Noordlandwind' fan it Noarddútske Otto Groote Ensemble. Otto Groote sjongt yn it Plattdeutsch, it streektaaldialekt fan Noard Dútslân. De CD is saterdei foar in wike presinteard yn Bremen, mar grif komt it ensemble mei de tiid ek wol wer ris hjir yn 'e buurt te spyljen.
Fierder is der in nije singel fan Hedser Tijtsma. Solo yn dit gefal. Hedser is ek bekend fan it sjonger/lietskriuwersduo Ljoubjr en spilet yn de band dEROELS. 'Ballade fan Nynke' paste net goed yn it repertoire fan beide groepen en dus naam Hedser it solo op.
De Grinzer Troebadoers (Jan Henk de Groot, Alex Vissering en Edwin Jongedijk) hawwe mei syn trijen de cd 'Veenhoes Sessies' útbrocht as stipe foar harren nije theater-lietsjesprogramma 'Nachtkrabers', dat ôfrûne saterdei yn premjêre gie. Jimme hearre jûn it liet 'Laidje van de Tumbleweeds'.

O ja, takom wike is der alle jûnen livemuzyk yn Radio Froskepôle. Dêr mei publyk by en dus kinne jimme jim opjaan. De moandeis is al fol, mar foar de konserten fan Anneke Douma (tiisdei), Bauke van der Woude (woansdei), the Feetwarmers (tongersdei) en de fokale groep Keatling (freed) kin der noch wol publyk by. Efkes in mailtsje stjoere nei gurbe@omropfryslan.nl en dan krije jo fan 'e wike noch berjocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)