Radio Froskepôle fan 12 july 2016 18:00

  • Spiler wurdt laden

De simmerprogrammearring is no ek foar Radio Froskepôle úteinset. Dat betsjut de kommende wiken programma's, dy't yn it foar opnommen binne, mar wol op de gebrûklike tiden útstjoerd wurde. Dus troch de wike tusken 18.00 en 19.00 oere en in werhelling om middernacht, tusken 00.00 en 01.00 oere. De earste wiken binne it foaral opnames fan live-studiokonserten, dy't streektaalartysten de ôfrûne tiid fersoarge ha yn de studio fan Radio Froskepôle. Jûn binne dat de konserten fan Adri de Boer en Grytsje Kingma & Lars Mulder.

1. Sytse van der Werf - Simmer
2. Kennèh - Heite zommer
3. Adri de Boer - studiokonsert
4. Grytsje Kingma & Lars Mulder - studiokonsert
5. Jan Henk de Groot - Weerom
6. Robbie van Wieren - Earst nim ik Manhattan
7. Wiegel's Wjukkelsmasine - Blauwe drek blues

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)