Radio Froskepôle fan 12 augustus 2015 18:00

At je in wike as wat mei fakânsje west ha en je nei dy tiid de muzykargiven trochrinne, dan docht bliken dat der wol wat nije Fryske en streektaallietsjes bykaam binne. Jûn draai ik der in oantal fan. Bygelyks it simmerske nûmer 'Simmerdei' fan in artyst dy't him Frerik de Swetser neamd. It giet om de noch jonge, twintich jier âlde, trûbadoer Frerik Semplonius út Wikel. Wa wit, in Frysk talint foar de kommende tiid.
Ek it earder knap ferneamde rap/hophop-duo Beand en Skep, ea bekend wurden as Beand Baas en Smarige Skep, hat in nije singel út. It hat mear as fiif jier stil west om de twa manlju hinne, mar no binne sy wer werom mei it ek al simmerske liet 'Moai Waar'.
En fierder muzyk fan ûnder oaren de Grinzer Bart Schwertmann, ea gitarist/sjonger fan de Fryske coverband Boulevard, út Limburch de band Kwante Hippe en de yntusken opdoekte Fryske Band Sûnder Baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)