Radio Froskepôle fan 10 septimber 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

It duo Grytz & Grize (Grytsje Melchers en Douwe van der Werff) is ek it kommend seizoen mei de sjongeres en gitariste Alisa op Tjserketoer. Yn de oanrin nei it earste optreden snein yn Twellegea hat it duo yn dizze trio-besetting in nije singel útbrocht. It giet om it lietsje 'Samar wie it oer' dat earder alris yn in oar arranzjemint útbrocht is op de cd 'Hert & Frou' fan Djipper, in earder muzykprojekt fan Douwe van der Werff. Jimme hearre de nije fersy jûn yn Radio Froskepôle.
Ek wer ris in lietsje fan de fokale groep Keatling út de Jouwer en omkriten. Net sa hiel faak op de poadia yn Fryslân te finen, mar saterdei stiet de groep yn de line-up fan it strjitfestival yn Wâldsein. Dat wurdt holden yn it ramt fan de Iepen Monumintedei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)