Radio Froskepôle fan 10 april 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

De Fryske trûbadoer Doede Veeman is dit wykein net allinnich mei de Fjouwer Trûbadoers op 'n paad (jûn om 20.00 oere yn it Dielshûs yn Wommels), mar is snein ek mei de wrâldmuzykgroep RemoliNO te sjen yn Hurdegaryp. Sy bringe it lietsjesprogramma WrâldWiis. Jûn in foarpriuwke. Op de list ek de nije singel fan Marcel Smit, 'De Stjoerman', oer kapper Hindrik Bulthuis fan Burgum, de betinker fan de BM'er sylboat. Fierder omtinken foar Gedobr, it trio dat foaral om harren kabareteske lietsjes fol koartswyl bekend stiet, mar meikoarten in album mei serieuze lietsjes útbringe sil. 'Oars' is dêrfan de tapaslike titel.

Radio Froskepôle fan 10 april 2015

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)