Radio Froskepôle fan 1 oktober 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

De twa bruorren Peter en Engbert Braam binne jûn live te gast yn Radio Froskepôle. Peter en Engbert wurde wol de Fryske Simon & Garfunkel neamd. Sy hawwe no in nij lietsjesprogramma betocht mei de titel 'Toen en Verder', dat ankommende saterdei yn premjêre giet, yn it Haske op 'e Jouwer. Jûn litte Peter en Engbert al wat lietsjes út dat programma hearre.
Fierder omtinken foar it Swanneblues Festival no saterdei yn Langwar en ek wer muzyk fan it album 'Evenwicht' fan de Drintske sjongeres Martijje.
Dan noch wat oars.De wike is fan moandei 19 oant en mei freed 23 oktober is wer de Wike fan de Fryske top 100 by Omrop Fryslân op de radio. Yn Radio Froskepôle ha ik dan alle jûnen in studiokonsert fan in oere fan Bauke van der Woude, solo, Anneke Douma mei band, de fokale groep Keatling fan de Jouwer, it shantykoar de Top en Twel Sjongers en de Biltske band the Feetwarmers. Dêr kinne jimme as publyk by wêze. Jimme wurde dan om healwei seizen ûntfongen mei kofje/thee en koeke en kinne dan tusken seis en sân oere by it programma sitte. Liket jimme dat aardich ta, stjoer dan efkes in mailtsje nei gurbe@omropfryslan.nl of froskepole@omropfryslan.nl. Jou mar oan by welke artyst of, as dat neat útmakket, op welke dei jimme der graach by weze wolle. Jimme krije de wyk derfoar fia de mail berjocht. Dus at jimme sa'n studiokonsert fan ien fan dy fiif artysten meimeitsje wolle, dan efkes in mailtsje nei gurbe@omropfryslân.nl of froskepole@omropfryslan.nl.

18:09 - De Kast - It Wetter Waakst
18:23 - Martijje - Nooit Bin Ik Klaor
18:49 - Tuff Enuff - Ik Wol Hjir Noait Wer Wei
18:51 - Peter Groot Kormelink - Weerkommen
18:55 - Gjin Belies - De Steiger

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)