Prelude fan 28 juny 2015 08:00

Yn Prelude stjoere we op sneintemoarn fan 8.00 oant 9.00 oere geastlike muzyk út, lykas koraalmuzyk fan koaren en korpsen yn Fryslân. Ek is der plak foar jo fersykjes út it geastlik repertoire. In fêst ûnderdiel fan Prelude is in oertinking fan in libbensskôchlike gast. By 'Utstjoering Mist' kinne jo yn 'e wike nochris harkje nei dit programma fan ôfrûne snein.

Mei diskear û.o. Er is een God die hort troch Mannekoaren ûnder lieding fan Martin Mans, Geest van Hierboven troch de Bliid Boadskipsjongers en de kristlike muzykferiening De Bazuin fan Berltsum en Hallelujah troch Susan Boyle.

De oertinking wurdt fersoarge troch Jaap Overeem, Predikant fan de Protestantse Gemeente Stiens.

Harkje hjir nei de útstjoering fan Prelude fan 28 juny 2015

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)