Prelude fan 15 maart 2015 08:00

  • Spiler wurdt laden

Tusken 8.00 oere moarns en 18.00 oere jûns komme alle radioprogramma's live út ús mobile studio op in bysûndere lokaasje: op 'e dyk by it Woudagemaal op 'e Lemmer. De hiele dei stiet Omrop Fryslân yn it teken fan de wetterskipsferkiezings, dy't tagelyk mei de ferkiezings foar Provinsjale Steaten hâlden wurde.
It programma Prelude is it 1e programma dat dêr wei komt. De presintaasje is diskear yn hannen fan Karen Bies en Sipke Draisma. Draisma is de Roomsk Katolyk pastor fan Noard-west Fryslân. Hy sil ek de oertinking fersoargje.
De folgjende fersyknûmers sille ûnder mear draaid wurde: 'Er is een God die hoort' troch manljuskoaren û.l.f. Martin Mans en sopraan Karin van Dongen, 'Mijn Gebed' troch D.C. Lewis en 'It Lot fan Tea' troch it Lemster Manljuskoar.
De folsleine dei is ek te folgjen op Omrop Fryslân televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)