PC kafee fan 24 july 2015 18:00

Hjoed gean de duorren fan it PC kafee wer iepen. Geert van Tuinen ûntfangt wer gasten út de keatswrâld. Hjoed stiet it jier 1995 sintraal, hy hat ûnder oare Simon Minnesma, Sake Porte en de bruorren Okkinga oan tafel. De muzyk komt hjoed fan de band Butterfly. De column komt hjoed fan Nynke van der Zee. Publyk is fansels tige wolkom.

Diel dit berjocht op:

PC Kafee

It PC Kafee komt wer fjouwer dagen lang út De Bogt fen Gené yn Frjentsjer. Mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oaren. PC Kafee mei pittige petearen, hilaryske ferhalen en stevige kollums. Op freed 28, sneon 29 en snein 30 july en tiisdei 1 augustus is it PC Kafee om 18.00 oere op de radio te hearren.
    Radio iconUtstjoering: Tiisdei 1 augustus om 18.00 oere
(advertinsje)