PC Kafee fan 2 augustus 2016 18:00

Op de dei foar de PC prate we mei de winners fan 2006: Johan van der Meulen, Kor Zittema en Taeke Triemstra. It wie Kor syn lêste PC en dy brocht him de iennige oerwinning op dizze keatsdei. In jongesboek. Taeke en Johan dogge woansdei beide wer mei en beide wer as kânshawwer.
Twa foarsitters oan de tafel: De skiedend foarsitter Johannes Westra en de kommende man Ids Hellinga. Hoe sjocht Westra werom op syn (koarte mar rûzige) tiid as foarsitter en hokfoar kant wol Hellinga op mei de belangrykste keatsdei fan it jier. It is woansdei de lêste PC foar Daniël Iseger. Hy wûn de PC al seis kear. Hy sjocht werom en foarút nei syn lêste optreden op it Sjûkelân.

Marten Bergsma is ien fan de debutanten op de PC. Hy wûn dit jier al de Bûnspartij foar Minnertsgea en de frije formaasje partij yn Makkum. Marten sjocht foarút op syn PC debút. It ferneamde PC boekje “Alles aan de Hang” ferskynt dit jier foar de tritichste kear. Utjouwer Jan Braaksma fertelt oer syn krewearjen om dit boekje yn de loft te hâlden. De live muzyk is dizze jûn, krekt as freed, fan Vangrail.

Diel dit berjocht op:

PC Kafee

It PC Kafee komt wer fjouwer dagen lang út De Bogt fen Gené yn Frjentsjer. Mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oaren. PC Kafee mei pittige petearen, hilaryske ferhalen en stevige kollums. Op freed 28, sneon 29 en snein 30 july en tiisdei 1 augustus is it PC Kafee om 18.00 oere op de radio te hearren.
    Radio iconUtstjoering: Tiisdei 1 augustus om 18.00 oere
(advertinsje)