Op & Ut fan 9 maaie 2015 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de iepen dagen fan 'Kunstacademie Friesland' yn Ljouwert, in nij 'Rock en Roll' festival yn Langwar en it jongerein-iepenloftspul 'Ro & Julya' yn Jorwert.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Jacob Bijlsma oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan Durk en Annelies van der Duim fan de Oldehovekapel en fan Madame Croche en pianist Johanan Havinga.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Jacob Bijlsma mei nijs út de natoer.
- Iepen dagen fan 'Kunstacademie Friesland'. Sneon 9 en snein 10 maaie fan 11.00-17.00 oere oan de Skrâns yn Ljouwert.
www.kunstacademiefriesland.nl
- 'Health & Beauty event' yn De Harmonie yn Ljouwert. Snein 10 maaie fan 11.00-17.00 oere.
www.ladiesenevent.nl
- 'Rock en Roll' festival yn Langwar. Sneon 9 maaie fan 16.00 oere ôf.
www.nofliklangwar.nl
www.visitlangweer.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Egerländer memmedeikonsert fan 'e Oldehovekapel yn The Dance Factory yn Berltsum. Snein 10 maaie om 15.00 oere.
www.oldehovekapel.nl
https://nl-nl.facebook.com/thedancefactoryberlikum
- Eksposysje mei wurk fan Sjoerd Huizinga yn galery Jan Reinder Adema yn Damwâld.
www.janreinderadema.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Passies & Havinga bringe muzikaal programma wêrby de Frânske komponist Achille Claude Debussy sintraal stiet. Sneon 9 maaie om 20.00 oere yn 'Kleintheater De Vier Pelikanen' yn Ljouwert.
www.devierpelikanen.nl
www.passiesenhavinga.nl
- Memmedei Picknick op snein 10 maaie by Martenastate yn Koarnjum en 1ste edysje fan 'Lange Tafels' op sneon 16 maaie yn de doarpstún fan Snakkerbuorren (fan 11.00-21.00 oere).
www.lwdsmaakstad2015.nl
- Boeken 'It is stjerrend wier, heite' fan Jansjet de Vries-Van der Werff en 'Everything Came To Me' fan Truus de Vries oer it libbensferhaal fan har skoanmem Rachel Faltin-Székely.
www.truusdevries.nl
http://www.lytsegeast.nl/paaseieren.php
- Jongerein-iepenloftspul 'Ro & Julya' yn Jorwert. Fan 14 o/m 24 maaie oan de Hesenserreed 3 yn Jorwert.
www.blomfish.com

09:37 - Kenny B - Parijs
09:46 - Septeto Habanero - Revive La Ilusion
10:28 - Johannes Rypma - Let's Make A Memory
10:34 - Van Morrison - Shenandoah
10:46 - Chordettes - Lollipop
11:28 - Rihanna Feat Kanye West & Paul Mccartney - Four Five Seconds

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)