Op & Ut fan 9 april 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de eksposysje 'Trou yn Grou', de konsertrige 'Havaros50', it Streekboerprojekt en oer in lêzing oer 'it lot fan de Joadske mienskip yn Ljouwert'.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan it duo Annette Scholten (op sello en 'zingende zaag') en Nanke Flach (piano) en Linde Nijland (sang) en Bert Ridderbos (multi-ynstrumentalist).

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Eksposysje 'Trou yn Grou'. Fan 9 april o/m 12 juny yn museum 'Hert fan Fryslân' yn Grou.
www.museumhertfanfryslan.nl
www.facebook.com/hertfanfryslan
- Konsertrige 'Havaros50'. De st. Havaros50 hâldt dit jier 14 konserten op 10 ferskillende plakken yn Fryslân. Oanlieding is it jubileum fan Hans van Rossum: hy sit dit jier 50 jier yn 'e muzyk. It 1ste konsert is op 9 april om 20.00 oere yn 'e Goede Herdertsjerke op It Hearrenfean.
www.facebook.com/jubileumHansvanRossum/
www.keunstwurk.nl/muziek/agenda/stichting-havaros50-voorjaarsconcert
- Thijs Riem Vis fertelt yn Op & Ut oer it projekt De Streekboer.
www.destreekboer.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Klassyk konsert mei Annette Scholten (sello en 'zingende zaag') en Nanke Flach op piano. Sneon 9 april om 20.00 oere yn de Skierstins yn Feanwâlden.
www.schierstins.nl
www.annettescholten.nl
www.nankeflach.nl
- Feilingmaster Machiel Dijkstra fertelt yn Op & Ut oer:
* de sjochdagen (8, 9 en 10 april) en feilingjûnen (11, 12, 14, 15, 18 en 19 april) yn feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts. www.aldfryslan.nl
* en de lêzing 'De veilingmeester vertelt' dy't hy tongersdei 14 april om 10.00 oere jout yn it Keunstkafee fan it Heerenveen Museum.
www.heerenveenmuseum.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan Linde Nijland en Bert Ridderbos.
www.lindenijland.nl
- Lêzing oer it lot fan de Joadske mienskip yn Ljouwert yn 1940-1945. Ynlieder is histoarikus Halbe Hageman. Snein 10 april om 15.30 oere yn de Agnestsjerke yn Earnewâld.
www.historischcentrumleeuwarden.nl/agenda
- It koarprojekt Opus 8 bringt de Nederlânske premjêre fan it 'Requiem' en 'Te Deum' fan de Ingelske komponist en pianist Will Todd. Snein 16 april om 20.00 oere yn de Bonifatiustsjerke yn Ljouwert.
http://koorprojektopus.nl/projecten/opus-8/
- Eksposysje 'Lest we forget....- de luchtoorlog boven Friesland 1939-1945'. Fan 9 april oant 4 juny yn Tresoar yn Ljouwert.
www.luchtoorlogfriesland.nl
www.tresoar.nl

09:20 - Culture Club - Karma Chameleon
09:34 - Harts - Lovers In Bloom
10:26 - Bluebells - Young At Heart
10:32 - Duke Dumont - Ocean Drive
11:31 - Maywood - Rio

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)