Op & Ut fan 7 maaie 2016 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer in grut darttoernoai yn Aldskoat, oer konserten fan de stichting ‘Muziek aan de Luts’ yn Balk en oer it 25-jierrich bestean fan it Oerka Irene Verbeek Museum yn Raard (by Dokkum).
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder fersoarget it duo Weima & v.d. Werf live optredens.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- RWB Darts hâldt op sneon 7 maaie en snein 8 maaie twa darttoernooien ta promoasje fan de dartsport yn Fryslân. Op sneon 7 maaie om 20.00 oere is de ‘Friesland Darts Classic’ mei 32 nasjonale en regionale topdarters en op snein 8 maaie om 12.30 oere is de ‘Friesland Knockout’, dêr’t rekreative darters oan meidwaan kinne. Lokaasje foar beide toernooien is kafee ’t Skoat yn Aldskoat.
www.rwbdarts.nl
- Ruiltún mei stekjes en sied yn de Prinsetún yn Ljouwert. Sneon 7 maaie fan 14.00-16.00 oere. Belangstellenden kinne har hjir ek ynskriuwe foar it ‘Wildpluk Kookcafé’ dat op 13 maaie en 10 juny fan 17.30-20.30 hâlden wurdt yn de Doarpstún yn Snakkerbuorren.
www.facebook.com/ruiltuin.leeuwarden
- Lêzing troch Leendert Plaisier oer de printbryfkaarte-seleksje fan Dirk Swierstra en oer it boek ‘Groeten van Dirk’ en de útstalling mei deselde namme yn it Histoarysk Sintrum yn Ljouwert. De lêzing is snein 8 maaie om 14.00 oere yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert oan de Grienewei 1 yn Ljouwert.
www.historischcentrumleeuwarden.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Teaterkollektyf ‘Akkers&Velden’ spilet de foarstelling ‘Kingdom of Earth’ nei it stik mei deselde namme fan Tennessee Williams. In foarstelling oer de syktocht fan de jongerein nei in plak yn de maatskippij. Spyldata: 11, 12, 13, 14, 16 maaie (om 15.00 oere) en 20 en 21 maaie (om 20.00 oere) yn de Westertsjerke yn Ljouwert.
www.akkersenvelden.nl
- Stichting Muziek aan de Luts organisearret it hiele jier troch konserten yn Balk. It earstfolgjende konsert is op snein 8 maaie om 15.00 oere yn De Paadwizer yn Balk. It wurdt útfierd troch it symfony orkest De Philharmonie.
www.muziekaandeluts.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan Weima & v.d. Werf
www.weimavdwerf.com
- Gerard Visser fertelt oer it Eurovisie Songfestival dat op 10 maaie yn Stockholm hâlden wurdt. Hy sil it ek ha oer de skiednis fan dit festival.
www.songfestival.avrotros.nl/
- It Oerka Irene Verbeek museum yn Raerd (by Dokkum) bestiet 25 jier en ferline wike wie de iepening fan it nije seisoen.
www.oerka.nl
- Hester Berkelmans jout ynformaasje oer foarstellings dy’t de kommende tiid yn de Harmonie yn Ljouwert te sjen binne.
www.harmonie.nl

09:21 - Nolan Sisters - I'm In The Mood For Dancing
09:33 - Pink - Just Like Fire
09:44 - Incognito (Ft. Jocelyn Brown) - Always There
10:16 - Lene Marlin - Sitting Down Here
10:28 - Lukas Graham - 7 Years
10:35 - Milky Chance - Stolen Dance
10:48 - Doors - Touch Me
11:31 - Paul Mccartney - Say Say Say

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)