Op & Ut fan 5 maart 2016 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer in benefytmiddei foar flechtelingen yn Ljouwert, in konsert fan Tim Knol yn Stiens en en in Fryske matinee fan st. 'Vier het Leven' yn Frjentsjer.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan IDEA sings BeeGees en Fred Eaglesmith.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Lêzing troch Harry Bosma oer 'De otter yn Fryslân'. Tiisdei 8 mrt. om 19.30 oere yn 'e bibleteek yn Drachten.
www.bibliotheekdrachten.nl
www.knnv.nl/drachten
- Benefytmiddei yn it Dharmahûs yn Ljouwert. De opbringst is foar de opfang fan flechtelingen op it Gryske eilân Chios. Sneon 5 maart fan 14.00-17.30 oere oan 'e Tunen 15 yn Ljouwert.
www.dharmahuis.nl
- Konsert Tim Knol yn kafee-rest. 'De Smalle Brug' yn Stiens. Snein 6 maart 16.00 oere.
www.cultuurregiostiens.nl
www.timknol.nl
- Filmprogramma fan filmhûs Stiens.
www.filmhuisstiens.nl
www.cultuurregiostiens.nl

2e oere (10.00-11.00)
- IDEA sings BeeGees. Snein 6 maart om 15.00 oere yn 'Theaterstudio Catsplein' yn Ljouwert en snein 17 april om 15.00 oere yn Teater De Bres yn Ljouwert.
www.facebook.com/IdeasingsBeeGees/
https://www.facebook.com/Theaterstudiocatsplein1a/
http://theaterdebres.nl/events/try-out-idea/
- Optreden fan 'sKoar' yn De Spylder yn Warns. Sneon 12 maart om 15.30 oere.
'sKoar' is in koar fan jonge minsken (tusken de 15 en 35 jier) mei in ferstannelike beheining. Wa't mear witte wol oer it koar, kin kontakt opnimme mei Annejo Dijkstra, till.nr. 0514 - 681 974.
www.despylder.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Konsert Fred Eaglesmith & band yn poppoadium 'Het Bolwerk' yn Snits. Sneon 5 maart om 21.00 oere.
www.hetbolwerk.nl
http://fredeaglesmith.com/
- Tineke Stofkoper jout ynformaasje oer har workshop pasta meitsjen, Italiaanske les en oare aktiviteiten.
https://www.facebook.com/mettienaantafel/
https://www.facebook.com/Nogal-Italiaans-1652236001723260/
- Utfiering fan 'The Crucifixion' fan John Stainer troch Schola Liturgica en oaren. Snein 6 maart om 16.00 oere yn de St. Pitertsjerke yn Grou. Reserveare: sintpiterconcerten@gmail.com
http://www.carlvisser.nl/concertenGrou.html
- De stichting 'Vier het Leven' hâldt op tongersdei 10 maart om 15.00 oere in Fryske matinee yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer.
Stichting 'Vier het Leven' organisearret teater-, konsert- en museumbesites foar âldere minsken (65-plus). Dit mei help fan frijwilligers.
www.4hetleven.nl
http://www.theaterdekoornbeurs.nl/voorstelling/349/dag-van-de-ouderen/

09:19 - Tina Turner - The Best
09:34 - Justin Bieber - Love Yourself
09:46 - Tim Knol - Sam
10:23 - Tasmin Archer - Sleeping Satelite
10:31 - Common Linnets - In Your Eyes
10:53 - James Bay - If You Ever Want To Be In Love
11:27 - Rolling Stones - Start Me Up
11:34 - Shawn Mendes & Camila Cabello - I Know What You Did Last Summer

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)