Op & Ut fan 5 desimber 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Gurbe Douwstra praat mei syn gasten ûnder mear oer in lêzing oer 'Trekschuiten en beurtschepen', de eksposysje 'Innerlijk Licht' mei wurk fan Irma Kamp en de konserten fan Muziekpodium Bakkeveen yn De Slotpleats yn Bakkefean.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan de 'Troebabroers' (Michiel en Pieter Veenstra) en it Martini Jongenskoor Sneek.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Ynspiraasjebijienkomst 'Leeuwarden een hongerige stad'. Tongersdei 10 desimber om 19.30 oere yn it gebou fan de Fryske Miljeu Federaasje. Graach oanmelde op info@friesemilieufederatie.nl
www.friesemilieufederatie.nl
- Eksposysje 'Innerlijk Licht' mei wurk fan Irma Kamp yn de Galerij fan De Lawei yn Drachten. Fan snein 6 desimber o/m 31 jannewaris. Ekstra aktiviteiten: lêzing/diskúsjetafel op snein 20 desimber om 15.00 oere en masterclass mei Irma Kamp op snein 31 jannewaris 2016 om 15.00 oere.
www.lawei.nl/kunst/
- Ynformaasje oer de (Kryst)films yn de Ljouwerter bioskopen.
www.leeuwarderbioscopen.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Konsert fan de 'Troebabroers' (Michiel Veenstra en Pieter Veenstra) yn it Baron Theater yn Opende (Gr.). Sneon 12 desimber om 20.00 oere.
www.barontheater.nl
- Lêzing troch Meindert Seffinga (direkteur Frysk Skipfeartmuseum Snits) oer 'Trekschuiten en beurtschepen' yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Snein 6 desimber om 14.00 oere.
www.historischcentrumleeuwarden.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Konsert fan it Martini Jongenskoor Sneek yn de Grutte Tsjerke yn Warkum. Snein 6 desimber om 16.00 oere.
www.mjks.nl
- Fan 12 o/m 24 desimber binne it Winterwiken yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. De Winterwiken begjinne mei in Krystmerk op 12 en 13 desimber.
www.blokhuispoort.frl
- Konserten fan Muziekpodium Bakkeveen yn de Slotpleats yn Bakkefean.
www.muziekpodiumbakkeveen.nl
- Dielnimmers Jikke en Roelof Yntema fan 'Ik bin benijd' fertelle oer har ûnderfinings. Se ha ûnder mear by de útstalling 'Animal Inside Out' yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert west en by in appelplukdei fan de Fryske Frucht.
www.omropfryslan.nl/programma/ik-bin-benijd
www.natuurmuseumfryslan.nl
www.fryskefrucht.frl/nieuws

09:19 - Madonna - True Blue
09:42 - James Bay - If You Ever Want To Be In Love
10:32 - Piter Wilkens & Bernekoar - Sinteklaas, Us Held
11:27 - Alphaville - Big In Japan

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)