Op & Ut fan 4 april 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de earste edysje fan it 'Zmaakfestijn' yn Drachten, it Peaskekonsert fan New Creation yn de De Koepeltsjerke yn Ljouwert (de earste aktiviteit dy't hjir sûnt lange tiid hâlden wurdt) en oer it projekt JERN, dat in oade bringe wol oan de hantwurkjende mem en beppe.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan fioeliste Michelle Brunt en pianist Rein Ferwerda en trûbadour Adri de Boer.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- 1ste 'Zmaakfestijn' yn it A7 Expo Lab, ûnderdiel fan it Adverium, yn Drachten. Peaskemoandei 6 april fan 10.00-18.00 oere.
www.zmaakfestijn.nl
- Peaskekonsert troch New Creation yn de Koepeltsjerke yn Ljouwert. Snein 5 april om 15.00 oere. Dit is de earste aktiviteit dy't sûnt lange tiid hâlden wurdt yn de Koepeltsjerke. Eigner Tjalling Rollema fertelt oer de fierdere plannen dy't hy mei de Koepeltsjerke hat.
www.new-creation.eu

2e oere (10.00-11.00)
- Live optreden fan fioeliste Michelle Brunt en pianist Rein Ferwerda.
- Programmamakker Gerard v.d. Veer fertelt oer 'Maria Louise, mei de eagen fan no', in dokumintêre dy't hy makke hat oer Maria Louise. Dizze dokumintêre is te sjen op snein 5 april om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 4 april om 15.35 oere en tongersdei 9 april om 14.15 oere op NPO 2.
http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/fryslan-dok-fan-5-april-2015-1700
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan trûbadour Adri de Boer. Hy treedt snein 5 april om 15.00 oere op yn de Ioannis Teatertsjerke yn Wier.
www.ioannistheatertsjerkewier.nl
www.adri-de-boer.nl
- Frédéric Tonnon fertelt oer syn boek 'ABBA - De interviews' dat ynkoarten útkomt.
www.walburgpers.nl
- Karen Bies en Annelies v.d. Goot presinteare harren projekt 'JERN'. Jern wol in oade bringe oan de hantwurkjende mem en beppe. Op sneon 4 april giet JERN fan start mei in hantwurkrûte troch Akkrum. Yn de winkels fan Akkrum wurde de keunstwurken fan de bewensters fan mienskipssintrum Leppehiem tentoansteld. De eksposysje is te besjen o/m 12 april.
www.facebook.com/public/Projekt-Jern
- It Fries Museum yn Ljouwert is nominearre foar de 'BankGiro Loterij Museumprijs'.
www.friesmuseum.nl
www.museumprijs.nl

09:17 - Three Degrees - The Runner
09:32 - Dave - Dansez Maintenant
10:27 - Blondie - Heart Of Glass
11:25 - Abba - Ring Ring

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)