Op & Ut fan 30 maaie 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden
  • Fries StraatFestival Ljouwert

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de iepenloftspullen Anna & Us Heit yn Burgum en Sterrenstof yn Langwar, de Pieter Stuyvesant Kuiertocht en it iepen Fryske Kolfkampioenskip.Tine Oosterbaan fan'e Joure fertelt oer damast.
Fierder komt it Fries StraatFestival wiidweidich oan bod yn it 2e oere. Dan ek in live optreden fan de band Stuart Mavis dy't op it StraatFestival spylet. Yn it tredde oere in optreden fan Gaspard. Ek sy spylje op it StraatFestival.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer.
- Iepenloftspul Burgum komt mei Anna & Us Heit op 4, 6, 9 en 10 juny yn de Pleats. www.annaenusheit.nl/iepenloftburgum2015.
- It iepen Fryske Koflkampioenskip dat yn Top en Twel hâlden wurdt. De foarrondes binne op 2, 3 en 5 juny, de finale is op sneintemiddei 7 juny.
www.kolfbond.nl of www.itharspit.nl
- De Pieter Stuyvesant Kuiertocht is op 6 juny mei de start yn Oldeholtpea.
www.pieterstuyvesantkuiertocht.nl

2e oere (10.00-11.00)
- It Fries StraatFestival is dit wykein yn de Ljouwter binnenstêd.
www.fries-straatfestival.nl
- Garaazje ferkeap yn Mantgum op 31 maaie.
- Túnman Klaas Piekstra komt wer mei syn túntips.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

3e oere (11.00-12.00)
- Stichting Muziektheater Langweer komt mei it iepenloftspul Sterrenstof op 4, 5 en 6 juny.
www.muziektheater-langweer.nl
- Eltse tiisdei yn juny komt it damast út de kast yn Museum Joure. Tine Oosterbaan fertelt hjir dan oer.
www.museumjoure.nl
- de boekerubryk mei Ernst Bruinsma. Hy besprekt de boeken: * Johan Fabricius - De skipsjonges fan Bontekoe. Ujouwerij Regaad, Grins 2015. www.regaad.nl
* Herman Gorter - Geheime liefden. Brieven aan Ada Prins en Jenne Clinge Doorenbos. Van Oorschot, Amsteram 2014. www.vanoorschot.nl
*Tom Lanoye, GAZ. Pleidooi van een gedoemde moeder. Prometheus, Amsterdam 2015. www.uitgeverijprometheus.nl
*Aart Cornelissen mei in stripboek yn it Frysk en it Nederlânsk: de Friese vrijbuiters / Fryske Frijbûtsers.
- Twa nije tentoanstellingen yn Museum Belvédère yn Oranjewâld.
www.museumbelvedere.nl

09:20 - Hall & Oates - Kiss On My List
09:35 - Common Linnets - We Don't Make The Wind Blow
09:47 - Wouter Hamel - Demise

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)