Op & Ut fan 30 july 2016 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer it iepen Frysk kampioenskip Fryske stabij en wetterhûn yn Walterswâld, in iepen tún mei 350 soarten beltsjeblommen yn Aldhoarne en de eksposysje ‘Ontmoetingen in de Himalaya’ yn Ljouwert.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder is der in live optreden fan Alisa Stekelenburg mei it nûmer ‘Yn en foar de wyn’.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Iepen Frysk kampioenskip Fryske stabij en wetterhûn. Sneon 30 july om 10.00 oere yn Walterswâld (it kampioenskip is ûnderdiel fan de hynstedagen/boeredei).
www.paardendagen.nl/de-boerendag/
www.onzestabyhoun.nl
http://dwvn.nl
- Iepen tún mei û.o. 350 soarten beltsjeblommen. Sneon 30 en snein 31 july by de fam. Kuiper oan de Skoatterlânskewei 35 yn Aldhoarne. Beide dagen fan 10.00 oant 18.00 oere. Tagong is fergees.
https://npgv.nl/open-tuinseizoen-dient-zich-aan/
http://home.kpn.nl/~monkelbaanact47/fuchsia.htm
- Eksposysje ‘Ontmoetingen in de Himalaya’ mei wurk fan foto-sjoernalist Henk Kloosterhuis. Fan 1 augustus oant 1 oktober 2016 yn ‘Kleintheater De vier Pelikanen’ yn Ljouwert. Iepeningstiden: mo. o/m freed fan 09.00-17.00 oere en sneon en snein fan 14.00 oant 17.00 oere.
www.henkkloosterhuis.com
www.devierpelikanen.nl
- Ferslachjouster Geartsje de Vries sjocht foarút nei it SKS skûtsjesilen 2016.
www.skutsjesilen.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Skûtsjeskipper Alisa Stekelenburg fan it frouljus-skûtsje ‘Oant Moarn’ treedt op mei it nûmer ‘Yn en foar de wyn’ (is ek op single útbrocht; in part fan de opbringst giet nei KiKa).
https://www.facebook.com/alisa.stekelenburg
- Yn it ramt fan it Peter de Grote Festival is der op tiisdei 2 augustus om 20.15 oere in konsert yn de Groate Kerk yn St. Jabik.
www.peterdegrotefestival.nl
www.groatekerk.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Foto-eksposysje fan Marja Riedstra by tún-sintrum De Florahoek yn Hurdegaryp.
www.purefoto.nl
www.florahoek.com/
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

09:19 - Police - Roxanne
09:33 - Sam Feldt X Lucas & Steve Feat W - Summer On You
09:43 - First Class - Beach Baby
10:26 - Inner Circle - Games People Play
10:35 - Gnash (Ft. Olivia O'brien) - I Hate U I Love U
10:47 - Ariana Grande - Into You

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)