Op & Ut fan 30 jannewaris 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de 1ste 'Harmonie Stripbeurs' yn Ljouwert, de eksposysje 'Heerenveen in beeld: Interbellum' en oer de nije stichting 'podium Frysklassiek'.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.
Fierder binne der live optredens fan Ella & her man en it fluitkwartet Four Flutes.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- 1ste 'Harmonie Stripbeurs' yn stedsskouburch De Harmonie yn Ljouwert. Sneon 30 jannewaris fan 12.00-19.00 oere.
www.harmonie.nl
- Trijedûbele eksposysje mei skilderijen en etsen fan de Fryske skilder Abe Gerlsma. Op 3 lokaasjes yn Ljouwert: yn it Natuurmuseum Fryslân, by Tresoar en yn galery 'De Roos van Tudor'.
www.natuurmuseumfryslan.nl
www.tresoar.nl
www.roosvantudor.nl
- Foarstellings dy't de kommende tiid te sjen binne yn De Skâns op 'e Gordyk.
www.skans.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Live optreden fan Ella & her man y.f.m. harren nije cd. De cd presintaasje is snein 31 jannewaris om 15.00 oere yn Theater Sneek yn Snits.
https://nl-nl.facebook.com/Ellaandherman
- Darius Milhaud stiet sintraal by it iepeningskonsert fan it fokale trijelûk 'Groupe des six'. Snein 31 jannewaris om 15.00 oere yn de Fermanje oan de Wurdumerdyk 18 yn Ljouwert.
www.vocaaldrieluik.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan it fluitkwartet 'Four Flutes' y.f.m. it konsert dat dit kwartet jout yn it Fries Museum yn Ljouwert. Snein 31 jannewaris om 11.30 oere.
www.fourflutes.nl
www.friesmuseum.nl
- Kultuer-evenemint 'Art Leeuwarden'. Sneon 30 jannewaris fan 10.30-17.00 oere en snein 31 jannewaris fan 12.00-16.00 oere yn it winkelsintrum It Saailân yn Ljouwert.
www.artconnectionexpo.nl
- Eksposysje 'Heerenveen in beeld: Interbellum' yn Museum Heerenveen op It Hearrenfean. Fan 2 febrewaris o/m 6 maart 2016.
www.heerenveenmuseum.nl
- Boeke-rubryk mei Ernst Bruinsma. Behannele boeken:
* Boek fan de Moanne is 'De skipsjonges fan Bontekoe', al earder troch Ernst besprutsen, no foar 17,50 euro.
* Popke Popma, 'Skerp ark'. Afûk, Ljouwert 2015
www.afuk.nl
* Alessandro Baricco, 'De Jonge Bruid'. De Bezige Bij, Amsterdam 2015
www.debezigebij.nl
* Fiston Mwanza Mujila, 'Tram 83'. De Bezige Bij, Amsterdam 2015
www.debezigebij.nl
www.ernstbruinsma.nl
- Ynformaasje oer de nije stichting 'podiumFrysklassiek' (opfolger fan 'Fryske Harlekijn') en oer de jierlikse konserten fan it Warnser Bach Ensemble yn it wykein fan 6 en 7 febrewaris 2016:
* sneon 6 febrewaris om 20.00 oere yn De Spylder yn Warns
* snein 7 febrewaris om 11.30 oere yn de Margarethatsjerke yn Easterlittens
* snein 7 febrewaris om 15.30 oere yn de Koepeltsjerke yn Ljouwert
http://podiumfrysklassiek.nl/6949/

09:20 - Michael Mcdonald - Sweet Freedom
09:45 - Army Of Lovers - Give My Life

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)