Op & Ut fan 30 april 2016 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de lokaasjefoarstelling ‘Verdwenen Families’ fan Meeuw Jonge Theatermakers yn Ljouwert, de skiepskeardersdei op It Hearrenfean, de Peerdepietenkoers yn Wolvegea en de eksposysje ‘over IJsland en vis’ yn Ljouwert.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan sjonger/pianist Wiebe Kaspers en trûbadour Jan Nota.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- De lokaasjefoarstelling ‘Verdwenen Families’ fan Meeuw Jonge Theatermakers wurdt yn it ramt fan ‘Theater na De Dam’ op 3, 4 en 6 maaie opfierd yn de kelders fan Tresoar yn Ljouwert. Om 19.00 en om 21.00 oere.
www.meeuw-jts.nl
www.theaternadedam.nl
- Skiepskeardersdei fan ‘By de Han’. Sneon 30 april fan 10.00-16.00 oere op it parkearplak P6 by it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.
www.facebook.com/bydehan
www.bydehan.nl
- 5e edysje fan Iepen Joadske Huzen yn Ljouwert. Snein 1 maaie fan 13.00 oere ôf.
www.openjoodsehuizen.nl
www.historischcentrumleeuwarden.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Syb van der Ploeg en Wiebe Kaspers mei it programma ‘Toon van de tijd’ yn de Kleasterkapel fan Sibrandahûs. Snein 1 maaie om 15.30 oere.
www.kloosterkapel-sijbrandahuis.nl
www.wiebekaspers.nl
- Peerdepietenkoers op it Victoria Park yn Wolvegea. Sneon 30 april om 14.15 oere (de Peerdepietenkoers begjint om 17.30 oere)
www.victoriaparkwolvega.nl
www.dskonline.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan trûbadour Jan Nota.
www.jannota.nl
- Yn it ramt fan ‘Theater Na de Dam’ bringt de dûnsgroep ‘Poetic Disasters Club’ (Club Guy & Roni) en jongereinteater De Steeg de foarstelling ‘Niemandsland’ yn De Lawei yn Drachten. Woansdei 4 maaie om 21.00 oere.
www.lawei.nl
www.theaternadedam.nl
www.clubguyandroni.nl
- Eksposysje ‘over IJsland en vis’ mei wurk fan Yvonne Struys yn Artemisia in kunstzaken oan de Iewâl 98 yn Ljouwert. Fan 21 april o/m 28 maaie 2016.
www.artemisiainkunstzaken.nl
www.struys.nl
- Foarstellings en konserten dy’t de kommende tiid te sjen en te hearren binne yn Neushoorn yn Ljouwert.
www.neushoorn.nl

09:20 - Communards - Never Can Say Goodbye
09:34 - Ariana Grande - Dangerous Woman
10:26 - Toto - Melanie
10:33 - Kygo (Ft. Ella Henderson) - Here For You
11:28 - Wham - Wake Me Up Before You Gogo
11:33 - Matt Simons - Catch And Release (Remix)
11:53 - Inez Timmer - Minsk

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)