Op & Ut fan 3 septimber 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer de lêste simmerjûnkuier fan Willem de Haan út Kimswert, in berneweinen-optocht yn De Harkema en en it Heerengrachtkonsert op It Hearrenfean.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der in live optredens fan Elske DeWall en Robbie van Wieren.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Op ‘e jierlikse âlde-ambachtedei by De Spitkeet yn De Harkema, wurdt dit jier foar it earst in berneweinen-optocht hâlden. Dit yn ferbân mei de rinnende útstalling ‘Suze Nane Poppe’. Sneon 3 septimber om 11.00 oere en om 14.30 oere.
www.despitkeet.nl
- Yn Hylpen wurdt sneon 3 septimber omtrint 17.00 oere in byld ûntbleate dat ynspirearre is op it folksferhaal ‘Ame Gijs’. Foarôfgeand sil it duo ‘Froukje en Joukje’ in 20 minuten duorjende foarstelling jaan.
www.omropfryslan.nl/nijs/660457-hylper-leginde-ame-gijs-wurdt-nij-libben...
- Golfklub Lauswolt fiert yn septimber har 50-jierrich bestean. Op it programma stiet û.o. in ‘snuffelles’ op 17 septimber.
www.golfclublauswolt.nl

2e oere (10.00-11.00)
- ‘Het Heerenveens UITfestival’ en it Heerengracht konsert op It Hearrenfean.
www.heerengrachtconcert.nl
http://grootheerenveen.nl/2016/08/18/straattheater-dans-en-muziek-op-hee...
- De Lionsklub Eaststellingwerf hâldt op sneon 10 septimber de kuiertocht ‘Appelstap’ yn Appelskea en omkriten.
www.appelstap.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan Robbie van Wieren mei it keatsliet ‘Hjoed is myn dei’.
- Willem de Haan fan Kimswert fersoarget op woansdei 7 septimber syn lêste simmerjûnkuier. Hy hâldt der nei 15 jier mei op.
www.simmerjunkuierkes.nl
- Teater De Bres yn Ljouwert fiert it 10-jierrich bestean mei in jubileumfeest op snein 4 septimber om 13.30 oere.
www.theaterdebres.nl
- Eksposysje ‘Ontmoetingen in de Himalaya’ mei wurk fan foto-sjoernalist Henk Kloosterhuis. Fan 1 augustus oant 1 oktober 2016 yn ‘Kleintheater De vier Pelikanen’ yn Ljouwert. Iepeningstiden: mo. o/m freed fan 09.00-17.00 oere en sneon en snein fan 14.00 oant 17.00 oere.
www.henkkloosterhuis.com
www.devierpelikanen.nl

09:19 - David Bowie - Let's Dance
09:34 - Shawn Mendes - Treat You Better
09:44 - Kensington - Done With It
10:28 - Lutricia Mcneal - My Side Of Town
10:34 - Dotan - Shadow Wind
11:30 - The Special Aka - Nelson Mandela

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)