Op & Ut fan 28 febrewaris 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer in demonstraasje einekoer flechtsjen yn Poppenwier, in konsert fan 'Muziek op stapel' yn Aldeberkeap en de kabaretfoarstelling 'Loos' fan Robert Brouwer yn De Pleats yn Burgum.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.
Fierder binne der live optredens fan in barok ensemble en The Forebitter Men.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Demonstraasje einekoer flechtsjen yn De Trilker yn Poppenwier. Sneon 28 febrewaris fan 10.00 oant 16.00 oere.
www.de-strampel.nl
- Rûnlieding op Noarderbegraafplak yn Ljouwert. Sneon 28 febrewaris om 13.30 oere.
www.theehuisleeuwarden.nl
https://nl-nl.facebook.com/pages/Noorder-Begraafplaats-Leeuwarden/179662...
- Foarstellings dy't de kommende tiid te sjen binne yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer.
www.theaterdekoornbeurs.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Konsert troch barok-ensemble yn De Witte Kerk op 'e Himrik. Snein 1 maart om 15.00 oere.
www.wittekerkhemrik.nl
- Fryske premjêre fan it stik 'Pleinfrees' troch it Kritetoaniel fan Bûtenpost. Sneon 28 febrewaris en sneon 7 maart om 20.00 oere yn seal The Point yn Bûtenpost.
http://www.buitenpost.info/agenda/
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan The Forebitter Men.
www.theforebittermen.nl
- Ernst Bruinsma mei boeke-rubryk:
* Harke Bremer & Jarich Hoekstra, Leffert. In heldedicht yn tolve sangen. Bornmeer, De Gerdyk 2013.
* Lies van Gasse, Zand op een Zeebed. Wereldbibliotheek, Amsterdam 2014. www.wereldbibliotheek.nl
* Ronald Giphart, Harem. Roman. Podium, Amsterdam 2014. www.uitgeverijpodium.nl
www.ernstbruinsma.nl
- Konsert Christianne Stotijn yn de Bonifatius-tsjerke yn Aldeberkeap. Snein 1 maart om 20.00 oere.
www.muziekopstapel.nl
- Kabaretfoarstelling 'Loos' fan Robert Brouwer yn De Pleats yn Burgum. Tongersdei 5 maart om 20.00 oere.
www.cultuurindepleats.nl
www.robertbrouwer.nl

09:10 - Elton John - I'm Still Standing
09:24 - James Bay - Hold Back The River
09:36 - Jewel - No Good In Goodbye
09:49 - Elvis Presley - You're The Devil In Disguise
10:09 - Kensington - War
10:48 - Mercedes Sosa - Maria, Maria
11:08 - Matt Bianco - Half A Minute
11:45 - Hozier - Take Me To Church

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)