Op & Ut fan 27 febrewaris 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de 15e edysje fan 'Help Pake & Beppe de vakantie door', in lêzing fan Eva Vriend oer har boek 'De helpende hand' en it teaterkolleezje 'Doch mar gewoan' fan Wim Anker.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma mei nije en nijsgjirrige boeken.
Fierder binne der live optredens fan Nynke Dijkstra op klarinet en Rein Albert Ferwerda op piano en fan The Mudbirds.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- 15e edysje fan 'Help Pake & Beppe de vakantie door'. Yn Op & Ut omtinken foar de aktiviteiten yn it Jopie Huisman museum yn Warkum en yn it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer. In oersjoch fan alle dielnimmende musea en alle aktiviteiten is te finen op:
www.museum.frl
www.jopiehuismanmuseum.nl
www.planetarium-friesland.nl
- Lêzing Eva Vriend oer har boek 'De helpende hand' yn 'e bibleteek op It Hearrenfean. Moandei 29 febrewaris om 19.30 oere yn 'e bibleteek op It Hearrenfean.
www.bibliothekenmarenfean.nl/agenda/eva-vriend-over-haar-boek-de-helpend...
www.evavriend.nl
- Yn St. Anne wurdt snein 28 febrewaris it fernijde parochy-sintrum 'De Skûle'by de RK 'Verrijzenis'-tsjerke iepene troch bisschop Gerard de Korte. Om 11.00 oere giet hy foar yn de eucharisty-fiering wêrnei it nije parochy-sintrum ynsegene wurde sil.
http://heiligejacobusparochie.nl/agenda/ahjacgkobbhmd496kfo92rqif8

2e oere (10.00-11.00)
- Konsert troch talinten fan de Ferwerda Academie yn it Fries Museum yn Ljouwert. Snein 28 febrewaris om 16.00 oere.
www.artconnectionexpo.nl
www.friesmuseum.nl
- Kidsfestival yn de Lawei yn Drachten. Fan sneon 27 febrewaris o/m snein 6 maart.
www.lawei.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan The Mudbirds en ynformaasje oer harren nije cd.
www.themudbirds.com
- Margaret Breukink jout in lêzing oer libben en wurk fan de skilder Mark Rothko. Tiisdei 15 maart om 20.00 oere yn de Doarpstsjerke yn Easterwâlde. Dit yn oansluting op de lêzing dy't Jan Brokken jaan sil oer syn boek 'Baltische Zielen' (Mark Rothko komt foar yn dit boek). Dizze lêzing is snein 28 febrewaris om 15.00 oere yn teaterkafee Le Brocope yn Aldeberkeap.
www.kunstwerf.com/agenda.htm
www.lebrocope.nl/theater
www.margaret-art.nl
- Boeke-rubryk mei Ernst Bruinsma:
* Rink van der Veldepriis 2016 foar Anne Feddema
* Josse de Haan, 'Reedride op glêd iis'. Elikser, Ljouwert 2016. 378 pagina’s www.elikser.nl
* Arjen Fortuin, 'Geert van Oorschot. Uitgever'. Uitgeverij Van Oorschot, Amsterdam 2015. 804 pagina’s
www.vanoorschot.nl
www.ernstbruinsma.nl
- Teaterkolleezje 'Doch mar gewoan' troch Wim Anker. Tiisdei 8 maart om 20.15 oere yn de Harmonie yn Ljouwert.
www.harmonie.nl

09:19 - Dire Straits - Twisting By The Pool
09:31 - Diggy Dex (Ft. Jw Roy) - Treur Niet (Ode Aan Het Leven)
09:44 - Vaya Con Dios - Nah Neh Nah
10:26 - Jimmy Cliff & Lebo M. - Hakuna Matata
10:34 - Capital Cities - Safe And Sound
11:27 - Phil Collins - Two Hearts
11:32 - Shawn Mendes - Stitches

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)