Op & Ut fan 26 maart 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat ûnder mear mei Jan Arendz en Marijke Geertsma oer har nijste foarstelling 'Skûlje yn Jorwert' en mei Frans Leidelmeijer, de gastkurator fan de eksposysje 'De 20ste eeuw - keramiek als spiegel van de tijd' yn museum it Princessehof yn Ljouwert.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.
Fierder binne der live optredens fan de band Salty Banana en it duo 'Accordéon Mélancolique'.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Nynke-Rixt Jukema fertelt oer har projekt 'Terpen- en Wierdenland'. It doarp Hallum docht hjir û.o. oan mei en dêr giet it op freed 1 april fan start.
http://www.terpenenwierdenland.nl/sticky/persbericht-uitnodiging/
- Eksposysje 'Het oog dient te reizen' mei tekeningen fan Zoltin Peeter. Fan 27 maart o/m 24 april 2016 yn galery Hoogenbosch op 'e Gordyk.
www.galeriehoogenbosch.nl
- Foarstelling 'Skûlje yn Jorwert' nei it boek 'Nachtboek van een kerkuil' fan Bas van Gelder. Spilers: Jan Arendz, Marijke Geertsma en Wybe Koldyk. Fan 8 april o/m 14 maaie yn Jorwert.
www.jmteaterwurk.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Live optreden fan de band Salty Banana
http://www.atriumsneek.nl/salty-banana-noardewyn-live-video/
- Eric Mous, Edwin Siksma en Jaap Wijnsma oer dielname oan de maraton fan New York foar Milou Bosscher.
www.stichtingmilou.nl
http://grootheerenveen.nl/2016/01/31/133619/
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Optreden fan it duo 'Accordéon Mélancolique' yn @It Heech yn Ferwert. Sneon 26 maart om 20.30 oere.
www.pinupsanddowns.com
www.acmel.nl
- Boeke-rubryk mei Ernst Bruinsma. Behannele boeken:
* Nelly Jongsma-de Jong, 'Moard út it ferline'. KFFB, 2016. www.kffb.nl
* Kira Wuck, 'Noodlanding'. Podium, Amsterdam 2016. www.uitgeverijpodium.nl
* Julian Barnes, 'Het tumult van de tijd'. Atlas-Contact, Amsterdam 2016. www.atlascontact.nl
www.ernstbruinsma.nl
- Frans Leidelmeijer, bekend fan it tillefyzjeprogramma 'Tussen Kunst & Kitsch' fertelt oer de útstalling 'De 20ste eeuw - keramiek als spiegel van de tijd' dy't op it stuit te sjen is yn it keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert. Hy is gastkurator fan dizze eksposysje en jout op 2 april om 14.30 oere in rûnlieding troch it museum.
www.princessehof.nl

09:20 - Garland Jeffreys - Matador
09:33 - Coldplay - Adventure Of A Lifetime
09:46 - Hootie & The Blowfish - Only Wanna Be With You
10:31 - Stevie Wonder & 98 Degrees - True To Your Heart
11:34 - Justin Bieber - Love Yourself

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)