Op & Ut fan 23 maaie 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer it natoerfestival 'Vier De Alde Feanen', de 8ste edysje fan Smûk en Smikkel, de foarstelling 'Zij leeft, maar niet heus' en de eksposysje 'What David Sees' fan Jaap de Ruig.
Fierder sil it 2e oere alhiel yn it teken stean fan it Oranjewoud Festival en de spiksplinternije opera 'The Electric Flute!' fan Opera Spanga dy't op it Oranjewoud Festival yn premjêre giet.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer.
- Natoerfestival 'Vier De Alde Feanen' op 23, 24 en 25 maaie yn en om it Nasjonaal Park De Alde Feanen.
www.np-aldefeanen.nl
www.facebook.com/vierdealdefeanen
- 8ste edysje fan 'Smûk en Smikkel' yn Blokhúspoarte yn Ljouwert. Pinkstersnein 24 maaie fan 11.00-21.00 oere en Pinkstermoandei fan 11.00-18.00 oere.
www.smukensmikkel.nl
- Lokaasje-foarstelling 'Zij leeft, maar niet heus' yn Fermanje yn Warkum. 29 en 30 maaie en 5 en 6 juny om 21.00 oere. Reserveare kin op: 06 - 450 422 44 of fia it e-mail adres: zijleeft@gmail.com

2e oere (10.00-11.00)
- It 2e oere stiet alhiel yn it teken fan it Oranjewoud Festival en de spiksplinternije opera 'The Electric Flute!' fan Opera Spanga dy't op it Oranjewoud Festival yn premjêre giet.
Mei ûnder mear live optredens fan it Nieuw Amsterdams Klarinet Kwartet.
www.oranjewoudfestival.nl
www.operaspanga.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live-optreden fan it fiskwivekoar 'Grietje Sprot'. It fiskwivekoar 'Grietje Sprot' en it Gerrit Heeringa orkest jouwe in konsert yn de Grutte Tsjerke yn Hylpen. Sneon 23 maaie, om 20.00 oere. Tagong fergees.
www.grietjesprot.nl
www.gerritheeringaorkest.nl
- Iepenloftspul 'Kattekwea' troch it Masquerade Theater (20 jongeren yn 'e leeftyd fan 11 oant 18 jier) yn Kollumersweach. 29 en 30 maaie en 5 en 6 juny om 20.00 oere.
www.masqueradetheater.nl
- Ynterview mei Esmee De Boer (oarspronklik ôfkomstich út Wurdum) oer har ûnderfinings as lid fan it ensemble yn de musical 'Heerlijk duurt het langst'. Dizze musical stiet 28 en 29 maaie yn De Harmonie yn Ljouwert.
www.harmonie.nl
www.heerlijkduurthetlangst.nl
- Eksposysje 'What David Sees' fan Jaap de Ruig yn Artemisia in kunstzaken oan de Iewâl 98 yn Ljouwert. Fan 21 maaie o/m 27 juny 2015.
www.artemisiainkunstzaken.nl
www.jaapderuig.nl

09:20 - Paolo Conte - Gli Impermeabili
09:33 - Kt Tunstall - Black Horse & The Cherry Tree
09:45 - Phil Collins - Can't Stop Loving You
10:31 - Meghan Trainor - Dear Future Husband
11:27 - Housemartins - Happy Hour

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)