Op & Ut fan 23 jannewaris 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer it geologysk wykein yn Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert, de foarstelling 'Hotel Perdu' fan selskip 'Het Houten Huis' en in Auschwitz betinking en eksposysje 'Gestolde Stilte' yn 'e tsjerke fan Kubaard.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Jacob Bijlsma oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan Grytz & Grize en 2 leden fan de folkband Fling.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Jacob Bijlsma mei nijs út de natoer
- Fjirde Fryske ferhalewedstryd: workshops en in junioredysje.
http://skriuwersboun.nl/fryske-ferhalewedstryd-workshops-en-in-junioredy...
- Operakoar Amadeus bringt útfiering fan 'Il Pirata' fan Vincenzo Bellini. Sneon 23 jannewaris om 20.15 oere yn 'e Harmonie yn Ljouwert.
www.operakooramadeus.nl
www.harmonie.nl
- Foarstellings dy't de kommende tiid te sjen binne yn Theater Sneek yn Snits.
www.theatersneek.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Frysktalich dûbelkonsert fan Weima & vd Werf en Grytz & Grize yn 'e Doarpstsjerke fan Huzum yn Ljouwert. Snein 24 jannewaris om 15.00 oere.
www.facebook.com/dorpskerkhuizum
www.grytzengrize.nl
- Geologysk wykein fan de GEA kring Fryslân mei as tema: 'Stenen uit de ruimte'. Sneon 23 en snein 24 jannewaris yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Beide dagen fan 11.00-17.00 oere.
www.geologiefriesland.nl
www.natuurmuseumfryslan.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Optreden fan de folkband Fling yn de Kleasterkapel yn Sibrandahûs. Snein 24 jannewaris om 15.30 oere.
http://www.kloosterkapel-sijbrandahuis.nl/agenda
www.flingmusic.com
- De reprise foarstelling 'Hotel Perdu' (6+) fan teaterselskip 'Het Houten Huis' giet op freed 29 jannewaris yn premjêre yn it Posthûsteater op It Hearrenfean. Om 19.15 oere. De foarstelling toert dêrnei o/m 1 maaie troch Nederlân en België.
www.hethoutenhuis.org
www.posthuistheater.nl
- Teatergroep Fjoer spilet 'Wyt is it nije swart' yn De Trilker yn Poppenwier. Op freed 29 jannewaris en sneon 30 jannewaris om 20.30 oere en op snein 31 jannewaris om 15.00 oere. Letter is it stik ek noch te sjen yn 'e tsjerke fan Twellegea (6 febrewaris) en yn Deinum (12 febrewaris).
www.afketoren.nl
- Auschwitz betinking en eksposysje 'Gestolde Stilte' yn de tsjerke fan Kubaard. Woansdei 27 jannewaris om 19.00 oere mei ynlieding troch frou Mirosch út Drachten (in tal famyljeleden fan har binne omkommen yn Auschwitz). De eksposysje kin ek besjoen wurde op sneon 30 jannewaris en sneon 6 febrewaris fan 14.00-16.00 oere.
http://www.bolswardsnieuwsblad.nl/evenementen/45477/auschwitz-herdenking...

09:06 - Doobie Brothers - What A Fool Believes
09:42 - Lukas Graham - 7 Years

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)