Op & Ut fan 23 april 2016 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de 2e edysje fan de ‘Turfrace Smallingerland’, jubileumkonserten fan de Jan de Roas Sjongers út Nijhoarne en de Sweelinck Cantorij út Stiens en iepen dagen de ‘Kunstacademie Friesland’ yn Ljouwert.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.
Fierder binne der live optredens fan de Ierske band Tupelo en fan in kombinaasje fan it trio Tango Extremo en it Kaja trio.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Yn it sintrum fan Drachten is sneon 23 april om 09.00 oere de start fan de 2e edysje fan de ‘Turfrace Smallingerland’. Dizze wedstryd mei 12 skûtsjes giet troch de doarpen De Pein, Aldegea (Sm.), De Rottefalle, Smelle Ie en Bûtenstfallaat.
www.turfracesmallingerland.nl
- It manljuskoar ‘De Jan de Roas Sjongers’ út Nijhoarne bestiet 20 jier. Dat wurdt sneon 23 april om 20.00 oere fierd mei in jubileumkonsert yn doarpshûs De Kiekenhof yn Nijhoarne. It bysûndere fan dit konsert is dat dêryn trije lieten in wrâldpremjêre krije. It binne trije gedichten fan Geart Jabiks van den Berg fan Aldhoarne (1886-1954), dy’t op muzyk set binne troch Sitta Bosma, diriginte en pianiste fan de Jan de Roas Sjongers.
http://www.oude-nieuwehorne.nl/dorpsvisie/verenigingen/jan-de-roas-sjong...
http://geartjabiks.weebly.com/
- Iepen dagen fan ‘e ‘Kunstacademie Friesland’ yn Ljouwert. Sneon 23 april en snein 24 april fan 11.00-17.00 oere.
www.kunstacademiefriesland.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Optredens fan de Ierske band Tupelo op it teaterskip Bald’r (fan 21 april o/m 1 maaie op ferskillende lokaasjes).
www.theaterskip.nl
https://www.facebook.com/Gjalt-de-Jong-392200300853841/
http://tupelomusic.ie/
- ‘Vocaal drieluik 2016: Groupe des six’. Utfierd wrudt ‘Banalités’ fan Francis Poulenc. Utfierenden binne: Wendeline van Houten (sopraan), Daniël Hermán Mostert (bariton) en Rixt van der Kooij (piano). Snein 24 april om 15.00 oere yn de Fermanje oan ‘e Wurdumerdyk 18 yn Ljouwert.
www.vocaaldrieluik.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Dûbelkonsert 'Battle of the trios' fan it Trio Tango Extremo en it Kaja Trio út Sweden. Snein 24 april om 14.00 oere yn ‘Het Oude Kerkje’ yn Garrelsweer (Grinslân).
www.hetoudekerkje.nl
www.tangoextremo.com
www.kajatrio.se
- Aktiviteiten yn Fryslân yn it ramt fan de Nasjonale Museumwike (fan 16 o/m 24 april)
www.nationalemuseumweek.nl
www.museumfederatiefryslan.nl
- Boeke-rubryk mei Ernst Bruinsma:
* Ulke Brolsma, 'Oarloch yn Grou'. Bornmeer, De Gerdyk 2016.
www.bornmeer.nl
* Nell Zink, ‘Misplaatst'. Vertaald door Gerda Baadman. Ambo/Anthos, Amsterdam 2016. www.amboanthos.nl
* Willem van Toorn, 'Zolang deze heuvels van aarde zijn. Ontmoetingen in Europa'. Querido, Amsterdam/Antwerpen 2016.
www.ernstbruinsma.nl
- Jubileumkonsert ‘Frânske Barok yn ‘e Fryske Buorren’ troch de Sweelinck Cantorij Stiens. It koar bestiet 30 jier en dirigint Take Beukema stiet 25 jier foar it koar. Snein 24 april om 15.00 oere yn de Hege Stins yn Stiens.
www.sweelinck-cantorij.nl

09:19 - David Bowie - Let's Dance
09:31 - Vangrail - Naar De Zee
10:29 - Sheppard - Geronimo
10:35 - Xavier Rudd - Follow The Sun
11:32 - Narada Michael Walden - Gimme Gimme Gimme

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)