Op & Ut fan 21 novimber 2015 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer 'Het Gesprek van Sneek', oer de foarstellings fan de st. Cultureel Nut yn de Klameare yn Warkum en oer de frijwilligers-organisaasje UVV Leeuwarden .
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan Yldau Bijlsma en oaren yn it ramt fan it Sinteklazemearke fan Littenseradiel en fan Gurbe Douwstra, Griet Wiersma, Anneke Douma en Piter Wilkens yn it ramt fan it Frysk Sjongers Gala yn De Lawei yn Drachten.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00)
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- 'Het Gesprek van Sneek' yn kafee Vellinga yn Snits. Snein 22 novimber om 16.00 oere.
www.gesprekvansneek.nl
www.facebook.com/GesprekvanSneek.nl
- 'Preek van de Leek' yn de Mariatsjerke fan Koartsweachen by de Gordyk. Sprekster is Janny v.d. Molen. Tema: 'Heldendom. Is dat niet iets van vroeger?'. Snein 22 novimber om 15.30 oere.
www.jannyvandermolen.nl
- Foarstellings fan st. Cultureel Nut yn de Klameare yn Warkum.
www.nutworkum.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Sinteklazemearke fan Littenseradiel: 'Parade'. Fan 24 o/m 29 novimber yn mfs De Helling yn Winsum. De iepenbiere foarstellings binne op 27, 28 en 29 novimber.
www.mearke.nl
- Ynformaasje oer de frijwilligers-organisaasje UVV Leeuwarden
www.uvv-leeuwarden.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Frysk Sjongersgala yn de Lawei yn Drachten. Sneon 21 novimber om 20.00 oere.
www.lawei.nl
www.gurbedouwstra.nl
www.piterwilkens.nl
www.grietwiersma.nl
www.annekedouma.com
- Iismaster Gerrit Seegers oer de nije 11stedenhal yn Ljouwert.
www.elfstedenhal.frl
- 'Romantysk pianokonsert' troch Dana de Vries (sello) en Fiona Mato (piano) yn de Bonifatiustsjerke yn Aldeberekeap. Sneon 21 novimber om 20.00 oere.
www.muziekopstapel.nl
- Dielnimmers fan 'Ik bin benijd' fertelle oer har ûnderfinings.
www.omropfryslan.nl/programma/ik-bin-benijd
www.karmelklooster.nl
www.houtzaagmolenderat.nl

09:19 - Matia Bazar - Ti Sento
09:44 - Byrds - Turn Turn Turn

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)