Op & Ut fan 21 maart 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de 'Dat zit wel Snor Show' fan it ymprovisaasjeteater-selskip 'Man met Snor', it sympoasium 'Extremen in het heelal, ons weer en onze aarde' fan Gemma Frisius en de eksposysjes oer Marijke Meu yn it Princessehof, it Fries Museum en by Tresoar yn Ljouwert.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan de sopraan Tetsje van der Kooi en saksofoanist Tim de Vries.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Iepen dei fan de 'Modelbouw Vereniging Friesland'. Sneon 21 maart fan 10.00-16.00 oere yn wyksintrum 'Bilgaard' oan 'e Hooidollen 17 yn Ljouwert.
www.modelbouwverenigingfriesland.nl
- Foarstellings dy't dit seisoen noch te sjen binne yn Theater Meerzigt yn Eastermar (21 maart: Fauvist mei 'Allemaal op weg' en 25 april: Fred Vaassen mei 'Dodelijk zwijgen'.
www.theatermeerzigt.nl
- Lies van Huet oer har atelier 'Lies Keramiek' yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert en oer de workshops en kursussen dy't sy jout.
www.lieskeramiek.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Live optreden fan sopraan Tetsje van der Kooi en oaren y.f.m. útfiering Stabat Mater yn 'e Redbadtsjerke yn Jorwert. Sneon 28 maart om 20.00 oere.
www.tetsjevanderkooi.nl
- Ymprovisaasjeteaterselskip 'Man met Snor' stiet mei de 'Dat zit wel Snor Show' yn 'e Harmonie yn Ljouwert. Sneon 21 maart om 20.30 oere.
www.harmonie.nl
www.facebook.com/manmetsnor.improvisatie
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- JazzNtaste, kulinêre rûte mei live jazz-muzyk lâns 5 horekagelegenheden yn Ljouwert. Snein 22 maart om 14.00 oere. Mei live optreden fan û.o. saksofoanist Tim de Vries.
www.lwdsmaakstad2015.nl
www.cityjazzleeuwarden.nl
- Sympoasium 'Extremen in het heelal, ons weer en onze aarde' fan 'Gemma Frisius', ôfd. Fryslân fan de Keninklike Nederlânske Feriening foar waar- en stjerrekunde. Sneon 21 maart om 12.30 oere yn it Oranje Hotel yn Ljouwert.
www.sterrenkunde.nl/knvws-friesland
- It Fries Museum en Tresoar yn Ljouwert eare Maria Louise van Hessen-Kassel, prinses fan Oranje-Nassau mei de eksposysje 'Maria Louise, vorstin van Friesland'. Dizze útstalling jout in byld fan har iepenbiere libben as regintes.
Yn it keramykmuseum Princessehof en by Tresoar yn Ljouwert is de eksposysje 'Thuis bij Marijke Meu' te sjen. Dizze útstalling giet oer har privé-libben. Beide útstallings binne te sjen fan 21 maart ôf.
www.marialouise2015.nl
www.princessehof.nl
www.tresoar.nl
www.friesmuseum.nl
- Sjournalist Kees Kooman oer syn nije boek 'Boerenbloed'.
www.uitgeverijdekring.nl
www.keeskooman.nl

09:08 - Joe Jackson - Is She Really Going Out With Him? (Live)
09:24 - James Bay - Hold Back The River
09:37 - Amy Macdonald - This Is The Life
10:07 - Alessandro Safina - Luna
10:28 - Wiebe Kaspers - Dream Mar Leave (Proloog)
10:48 - Lee Towers - Happy Birthday Baby
11:07 - Annie Lennox & Al Green - Put A Little Love In Your Heart
11:48 - Sam Cooke - Wonderful World

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)