Op & Ut fan 2 maaie 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

Op & Ut stiet diskear alhiel yn it teken fan de Twadde Wrâldoarloch en 70 jier befrijing. Presintator Douwe Heeringa praat ûnder mear mei konservator Hans Groeneweg oer de eksposysje 'Hongerkinderen' yn it Frysk Fersetsmuseum yn Ljouwert en mei Yvonne van den Berg oer har boek 'De viool van mijn moeder' dat giet oer it NSB ferline fan har pake. Fierder binne Johan de Jong en Piet Paulusma as fêste gasten oanwêzich en der sille live optredens útfierd wurde troch Eddy Dykstra en Raynaud Ritsma.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- 1e edysje 'Open Joodse Huizen' yn Snits. Snein 3 maaie fan 11.00 oere ôf.
www.openjoodsehuizen.nl
www.communityjoodsmonument.nl
- Eksposysje 'Hongerkinderen - de opvang in Friesland' yn it Frysk Fersetsmuseum yn Ljouwert. Fan 11 april o/m 31 desimber 2015.
www.friesverzetsmuseum.nl
- Toer by oarlochsmonuminten del yn de gemeente Dantumadiel. Moandei 4 maaie. De start is om 14.15 oere by it monumint oan de Achterwei yn Damwâld.
http://www.dantumadiel.eu/bestuur/nieuws-archief_41333/item/tour-langs-d...

2e oere (10.00-11.00)
- Petear mei Yvonne van den Berg oer har boek 'De viool van mijn moeder'
www.devioolvanmijnmoeder.nl
- Petear mei Gerrit Fokkema, dy't as finzene belutsen west hat by de Oerfal fan 8 desimber 1944 en dêr lêzings oer jout yn De Blokhúspoarte yn Ljouwert.
http://www.blokhuispoort.nl/lezingen/
http://www.go2war2.nl/artikel/2935/Gerrit-Fokkema-bevrijd-uit-het-Huis-v...
- Live optreden fan Raynaud Ritsma mei befrijingsliet.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Betinking op 4 maaie yn Ljouwert.
www.befrijdingsfestivalfryslan.nl
- Petear mei Sjoerd de Boer oer syn boek 'De Hitler Mythes'
http://www.go2war2.nl/artikel/4397/De-Hitler-Mythes.htm
www.hitlerpages.com
www.justpublishers.nl
- Live optreden Eddy Dykstra mei 'Thank you Canada'
www.eddydykstra.nl
- Syds Wiersma fan it 'Fries Film Archief' toant bylden fan de befrijing.
www.friesfilmarchief.nl

10:17 - Andrews Sisters - Don't Sit Under The Apple Tree (W
10:33 - Jetje Van Radio Oranje - We Zien Elkaar Weer
10:43 - Miller, Glenn - At Last
10:51 - Rogier Van Otterloo - Soldaat Van Oranje
11:21 - Marlene Dietrich - Lili Marleen
11:36 - Albert De Booy - Trees Heeft Een Canadees
11:44 - Vera Lynn - White Cliffs Of Dover
11:54 - Vera Lynn And Chorus - We'll Meet Again

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)