Op & Ut fan 2 july 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer it keunstwykein yn Beetstersweach, oer de iepenloftspullen ‘As in fisk yn it bad’ yn Surhústerfean en ‘Don Juan’ yn Snakkerbuorren en oer Tsjerkepaad.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan pianiste Valentina Tóth en fan 'The Holy Brothers' (dûmny Gerrit Groeneveld en pastoar Henk Nota).

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Iepen túnwykeinen yn de Patorytún fan Easterein. 2/3 july en 9/10 july fan 11.00-17.00 oere. It adres is: Tsjerkebuorren 1 yn Easterein. Op 2/3 july binne meardere tunen yn Easterein iepensteld.
- Op de Breedeplaats yn Frjentsjer wurdt sneon 2 july in grut ‘stoepkrijtportret’ makke fan Coba de Groot. Fan 12.00 oant 17.00 oere.
www.cobadegroot.nl
www.oladiecoba.nl
- Sietske de Jong (skriuwster) en Herman Sytema (yllustrator) fertelle oer it printeboek ‘Kale Prikkie het gouden egeltje’ dat sy maaie lêstlyn útbrocht ha.

2e oere (10.00-11.00)
- Keunstkonsert troch Valentina Tóth yn de Doarpstsjerke yn Beetstersweach. Sneon 2 july om 16.00 oere en om 20.00 oere.
www.cultbee.nl
- Keunstwykein yn Beetstersweach.
www.kunstweekendbeetsterzwaag.nl
- Iepenloftspul ‘As in fisk yn it bad’ yn swimbad ‘Wettervlecke’ yn Surústerfean. Fan 2 o/m 9 july.
www.wettervlecke.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Pealsit-aksje foar KiKa yn it sintrum fan Dokkum. Sneon 2 july en snein 3 july fan 14.00 oant 14.00 oere.
http://www.dokkum.nl/evenementen/agenda/Paalzitten-voor-KIKA-door-Jumbo/
- Iepenloftspul Snakkerbuorren spilet ‘Don Juan’. Spyldata: 7, 8, 9, 12, 14, 15 en 16 july om 20.00 oere yn de Doarpstún yn Snakkerbuorren.
www.iepenloftspulsnakkerbuorren.nl
- Tsjerkepaad: fan 2 july o/m 10 septimber binne tal fan tsjerken yn Fryslân op sneontemiddei iepensteld foar publyk. Fan 13.30 oant 17.00 oere. Tema fan Tsjerkepaad is dit jier ‘Tsjerke en muzyk’.
www.tsjerkepaad.nl
- André Caron fertelt û.o. oer de bernefeestjes dy’t hy organisearret yn De Blokhúspoarte yn Ljouwert.
www.caronentertainment.nl

09:20 - O.M.D. - Forever Live And Die
09:33 - Matt Simons - Catch And Release (Remix)
09:44 - Alannah Myles - Black Velvet
10:30 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
11:14 - David Bowie - Modern Love
11:32 - Enrique Iglesias (Ft. Wisin) - Duele El Corazon

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)