Op & Ut fan 2 april 2016 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat ûnder mear mei de toanielferiening It Moat Kinne út Broeksterwâld, mei Jelle Roeper oer de hûskeamerkonserten en mei Steven Bootsma oer it Let’s start a Fire Festival.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan Ruby Woudt & Jurgen Gerlofs, Elbrig Visser en fan Jaap Louwes.

Alle ûnderwerpen:
1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Wimmie Bouma fertelt oer de foarrondes fan de “kampvuurmuzikant”. Kandidaten kinne harren noch opjaan oan’t 11 april.
www.debestekampvuurmuzikant.nl
- Toanielferiening It Moat Kinne út Broeksterwâld spilet The Griene Mile yn de grutte seal fan de Harmonie yn Ljouwert.
www. itmoatkinne.nl
- Muzyk op Stapel organisearret jûn in konsert mei it Saperavi Blaasquintet en moarnmiddei in pianokonsert fan Ramon van Engelenhoven.
www.muziekopstapel.nl

2e oere (10.00-11.00)
-Hûskeamerkonserten fan it Toanhûs op’e Jouwer.
www.toanhus.nl
Live optreden fan Ruby Woudt en Jurgen Gerlofs. Sy trêde ek op by de Hûskeamerkonserten.
Live optreden fan Ebrig Visser. Ek sy treedt op by de Hûskeamerkonserten.
- Wijbren Landman fertelt oer bistepark fan Emmen dat ferhuze is en hielendal fernijd is. It hjit no Wildlands.
www.wildlands.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan Jaap Louwes.
www.jaaplouwes.nl
-Theo Kuipers fan Tresoar oer lêzing yn Kimswert oer ûndersyk op it mêd fan genetyske genealogy. Undersocht wurdt oft minsken famylje binne fan Grutte Pier.
www.tresoar.nl
-Let’s start a Fire Festival by De Neushoorn yn Ljouwert
www.joyofworking.nl
-Tryater komt mei de foarstelling ‘It famke en de twiveler’.
www.tryater.nl

09:27 - Diana Ross - I'm Coming Out
09:34 - Ali B. & Diggy Dex - Ik Huil Alleen Bij Jou
09:46 - Blondie - Maria
10:26 - Shanice - I Love Your Smile
10:33 - X-Ambassadors - Renegades
11:26 - Katrina & The Waves - Walking On Sunshine
11:32 - Anouk - Run Away Together

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)