Op & Ut fan 19 novimber 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer it ‘Pietenhuis’ yn Ljouwert, in disko foar minsken mei in ferstannelike beheining yn Damwâld en reedride foar Unicef yn it iis-stadion Thialf op It Hearrenfean.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan it Fries Saxofoon Kwartet en fan Anneke Douma, Griet Wiersma, Piter Wilkens en Gurbe Douwstra.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- De Stichting Stedelijke Activiteiten Leeuwarden hat ek dit jier wer in ‘Pietenhuis’ ynrjochte oan ‘e Iewâl 50-52 yn Ljouwert. It ‘Pietenhuis’ is fan 16 novimber oant 3 desimber iepen op ‘e woansdei- en sneontemiddei (fan 14.00-16.00 oere). Boppedat is der op 26 novimber om 14.00 oere in ‘Pietendisco’ yn it Fire Café yn Ljouwert.
www.stichtingsal.nl
www.facebook.nl/pietenhuisleeuwarden058
- Yn it ramt fan de ynternasjonale dei fan de rjochten fan it bern, stiet it iis-stadion Thialf op It Hearrenfean snein 20 novimber yn it teken fan Unicef. Fan 10.00-16.00 oere. Mei clinics, rûnliedings troch it fernijde Thialf, ensafuorthinne.
www.facebook.nl/fryslan4unicef
- Yn ‘e Krúswei yn Damwâld is sneon 19 novimber in disko foar minsken mei in ferstannelike beheining. Fan 19.00 oant 21.30 oere.
www.dekruisweg.nl/agenda/

2e oere (10.00-11.00)
- Konsert fan it Fries Saxofoon Kwartet yn de Laurentiustsjerke yn Kimswert. Snein 20 novimber om 15.30 oere.
www.laurentiuskerkkimswerd.nl
- Aktrise Gonny Gaakeer fertelt oer har rol yn de muzikale foarstelling ‘De Tweede Wereld’ fan Lynx, wêrmei se op freed 25 novimber om 20.30 oere yn de Harmonie yn Ljouwert te sjen is.
www.nmore.nl
www.harmonie.nl
www.tglynx.eu
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- 1ste Lustrum fan it Frysk Sjongersgala yn de Lawei yn Drachten. Sneon 26 novimber om 20.00 oere en snein 27 novimber om 14.00 oere. Fierder ek omtinken foar de premjêre fan it nije programma ‘Oer de helte’ fan de Fjouwer Trûbadoers. Sneon 19 novimber om 20.30 oere yn de Skâns op ‘e Gordyk.
www.lawei.nl
http://gurbedouwstra.nl/
www.skans.nl
- Op 22 novimber is yn it gemeentehûs fan Bûtenpost de ôftraap fan it projekt ‘Tijd voor talent/Tiid foar talint’ fan Keunstwurk. Doel fan it projekt is dat 65-plussers yn Fryslân mear en aktiver meidogge oan kulturele aktiviteiten.
http://www.keunstwurk.nl/over-keunstwurk/nieuws/meer-participatie-van-65...
- Yn it Damshûs yn Nij Beets is sneon 19 novimber de (besletten) premjêre fan de dokumintêre ‘De Dykstra Kronyk’. Yn dizze film wurdt it ferhaal ferteld fan de susters en broer Dykstra dy’t opgroeiden yn de Aldpolder by Nij Beets.
www.mediasupportav.nl
- Op 25 en 26 novimber is yn Ljouwert it festival ‘Explore the North’. Underdiel fan ‘Explore the North’ binne in 2-tal bysûndere literêre projekten: ‘Wie is de Chinees?’ en ‘Ziekenhuisproza’.
www.explore-the-north.nl

Fries Saxofoon Kwartet

09:22 - Belinda Carlisle - Heaven Is A Place On Earth
09:33 - Shawn Mendes - Treat You Better
09:44 - Katrina & The Waves - Love Shine A Light
10:32 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)
11:31 - Jason Derulo - Want To Want Me

Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Harkje nei Op & Ut, op 'e radio. Mei fansels it nijs út de natoer en de tips foar de tún.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio
(advertinsje)