Op & Ut fan 19 desimber 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer in advintskonsert fan de Jouster Fanfare, it krystsirkus 'Sander & Friends' en it krystfestival 'Cirque d'Harmonie' yn de Harmonie yn Ljouwert.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.
Fierder binne der live optredens Lara Boode en Reinout Douma (mei lietsjes út de foarstelling 'We houden de vaart er in!') en it koar 'Zingen voor je leven'.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Advintskonsert Jouster Fanfare en Ernst Daniël Smid yn De Oerdracht op 'e Jouwer. Snein 20 desimber om 15.00 oere.
www.jousterfanfare.nl
www.ernstdanielsmid.nl
- Winterkonsert troch it blokfluitkwartet BRISK yn de Doarpstsjerke fan Beetstersweach. Sneon 19 desimber om 16.00 oere.
www.cultbee.nl
www.brisk.nl
- Krystkonsert Wolga Kozakkenkoar yn Koepelteater (foarhinne de Koepeltsjerke) yn Ljouwert. It is it iepeningskonsert fan it Koepelteater. Sneon 19 desimber om 20.00 oere.
www.koepeltheater.nl

2e oere (10.00-11.00)
- 'We houden de vaart er in!', de Kryst-famyljefoarstelling fan 'e Lawei yn Drachten. De foarstellings binne op 23 desimber om 19.30 oere, 24, 26 en 27 desimber om 15.00 oere en op 29 en 30 desimber om 19.30 oere.
www.lawei.nl
- Krystsirkus 'Sander & Friends'. Fan 22 o/m 30 desimber op it Saailân yn Ljouwert, 23 desimber yn de Utingeradielhal yn Akkrum en 1 o/m 3 jannewaris 2016 yn Snits.
www.familievoorstelling.nl
www.circussalto.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat
- Winterwiken yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert mei in iisbaan en in iisglydbaan. Iepeningstiden: 19 o/m 23 desimber fan 10.00-22.00 oere en op 24 desimber fan 10.00-17.00 oere.
www.blokhuispoort.frl

3e oere (11.00-12.00)
Krystkonsert troch it koar 'Zingen voor je leven', it froujusteaterkoar 'Fammuze' en fertelster Hilly Harms. Snein 20 desimber om 20.00 oere yn de doarpstsjerke fan Huzum yn Ljouwert.
www.facebook.com/dorpskerkhuizum
http://www.kankerinbeeld.nl/nav/voor-patienten/zingen-voor-je-leven/zing...
www.fammuze.nl
- Krystfestival 'Cirque d'Harmonie' yn de Harmonie yn Ljouwert op 26, 27, 29 en 30 desimber om 15.30 oere.
www.harmonie.nl
- Ernst Bruinsma mei de boeke-rubryk:
* Kamel Daoud, Moussa of de dood van een Arabier. Vertaald uit het Frans door Manik Sarkar. Ambo/Anthos, Amsterdam 2015.
* Willem van Toorn, Emmanuel Querido 1871-1943. Een leven met boeken. Querido, Amsterdam-Antwerpen 2015.
www.ernstbruinsma.nl
- Hielkje v.d. Molen en Klaas Zwaan, dielnimmers fan 'Ik bin benijd', fertelle oer har ûnderfinings mei û.o. de foarstelling 'Memmesiel' fan de Sterke Froulju en de Stoepa yn Hantum.
www.omropfryslan.nl/programma/ik-bin-benijd
www.sterkefroulju.nl

09:19 - Paul Mccartney - Wonderful Christmastime
09:43 - Ed Sheeran - Thinking Out Loud
10:27 - Common Linnets - Christmas Around Me
11:21 - Jona Lewie - Stop The Cavalry

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)