Op & Ut fan 18 july 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer 'Drachten on the beach', it SKS skûtsjesilen en de Fryske ballonfeesten op 'e Jouwer.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live muzyk optredens fan Dana de Vries op sello en Fiona Mato op piano en de band 'Howling & the moon'.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- SKS skûtsjesilen
www.skutsjesilen.nl
- Plukfeest by 'Fruithof De Struikrover' yn Aldeholtpea
www.destruikrover.nl
- 'Drachten on the Beach' fan 18 july o/m 9 augustus
https://nl-nl.facebook.com/Drachtenonthebeach

2e oere (10.00-11.00)
- Selliste Dana de Vries en pianiste Fiona Mato fersoargje yn it ramt fan it Peter de Grote festival, in live optreden.
www.peterdegrotefestival.nl
http://danadevries.com/
- Park-manager Stefanie Horneman fertelt oer de feroarings, sûnt de oername yn febrewaris lêstlyn, by AquaZoo Friesland yn Ljouwert.
www.aquazoofriesland.nl
- Eksposysje 'Aan de rand van de wereld' yn De Fabriek yn Ried. Mei wurk fan Klaas Werumeus Buning en René Tweeehuysen. Fan 19 july o/m 30 augustus.
Klaas Werumeus Buning fertelt ek oer syn dielname oan de simmer-útstalling yn galery Zofier yn Nijskoat en fierder jout Sjoukje van Schaik (eigner) ynformaasje oer oare aktiviteiten en plannen yn en mei De Fabriek yn Ried.
www.werumeusbuning.nl
www.renetweehuysen.nl
www.fabriekried.nl
www.zofier.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan de band 'Howling & the moon'.
- Fryske ballonfeesten op 'e Jouwer
www.ballonfeesten.nl
- Natoerkuier by de Potmarge yn Ljouwert del. Startplak is de doarpstsjerke yn Huzum (Ljouwert). Sneon 18 en 25 july om 14.30 oere. De natoerkuier slút oan by de eksposysje 'Parel aan de Potmarge' mei foto's fan Koos Foekema. Dizze útstalling rint o/m 12 septimber.
www.facebook.com/dorpskerkhuizum
- Sa'n 250 tsjerken dogge dit simmerskoft wer mei oan 'Tsjerkepaad'. Fan 4 july oant 12 septimber.
www.tsjerkepaad.nl

09:19 - Phil Collins - Sussudio
09:32 - Lost Frequencies - Are You With Me
09:41 - Two Man Sound - Disco Samba
09:52 - Miss Montreal - Just A Flirt
11:16 - Jeroen Van Der Boom - Mag Ik Dan Bij Jou

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)