Op & Ut fan 18 april 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de aktiviteiten yn Fryslân yn it ramt fan de Nasjonale Museumwike, de 'Dag van de Brief' yn de Harmonie yn Ljouwert en oer it projekt 'Mooie Plaatsies' dat nije wike yn Aldebildtsyl presintearre wurdt.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan Nynke Gijsen, de winnares fan Sjong 2015 en Leny Dijkstra en Rients Gratama.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Mirjam Pragt fan 'e Museumfederaasje Fryslân jout in taljochting op de dielname fan Fryske musea oan de Nasjonale museumwike.
www.museumweekfriesland.nl
www.nationalemuseumweek.nl
- Jacomine Hoogendam fan Dekema-state fertelt oer de aktiviteiten op Dekema State yn Jelsum yn it ramt fan de Nasjonale Museumwike.
www.dekemastate.nl
- Jan de Vries fan De Spitkeet fertelt oer de aktiviteiten yn De Spitkeet yn De Harkema yn it ramt fan de Nasjonale Museumwike.
www.despitkeet.nl
- Yn it Frysk Skipfeart Museum yn Snits kinne besikers op sneon 25 april yn antike klean op 'e foto set wurde troch fotografe Jenny Boot.
www.friesscheepvaartmuseum.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Live-optredens fan Nynke Gijsen, de winnares fan Sjong 2015.
www.sjong.nl
- Eksposysje mei keunstwurken (keramyk) fan 1e jiers studinten fan it Friesland College, oplieding 'D'Drive, Creatief Vakman' yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Fan 10 o/m 24 april.
www.lieskeramiek.nl/nieuws
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan Leny Dijkstra en Rients Gratama. Oanlieding is it jubileumprogram 'Doe kaam de maaitiid' dat ta eare fan de 100ste bertedei fan Tetman en Jarich de Vries opfierd wurdt fan 1 o/m 31 maaie yn seal 'Groot Terhorne' yn Bitgummole.
www.tetman100.frl
- 'Dag van de Brief'. Freed 24 april yn de Harmonie yn Ljouwert.
www.tresoar.nl/agenda/pages/dag-van-de-brief.aspx
www.harmonie.nl
- Mindfulness foar bern. Start nije kursus is op 24 april yn Wergea en op 28 april yn Grou.
https://frosknu-public.sharepoint.com/
- Presintaasje projekt 'Mooie Plaatsies' troch keunstners Gitte Brugman, Baukje Venema en Brenda van der Laan. Freed 24 april om 20.00 oere yn de Aerden Plaats yn Aldebildtsyl.
www.facebook.com/Wonen-aan-de-Oudebildtdijk
www.gittebrugman.nl

09:08 - Nolan Sisters - I'm In The Mood For Dancing
09:22 - Sergio Mendes & Brasil '66 - Mas Que Nada
09:35 - The Young Folk - Way Home
09:46 - Beatles - Penny Lane
10:25 - Magic! - Rude
10:46 - Vanvelzen - Call It Luck
11:47 - Owen Paul - My Favourite Waste Of Time

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)