Op & Ut fan 17 oktober 2015 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de 1ste Jacobijner fair yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert, it projekt 'Het DNA van Leeuwarden' en de toanielfoarstelling 'Baantjer Live! 2' mei Peter Tuinman.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder is der in live optredens fan Die Twa.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer.
- Jacobijner fair mei brocante yn Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Sneon 17 oktober fan 10.00-17.00 oere.
https://www.facebook.com/Jacobijner-Fair-799998803425526/
- Eksposysje mei wurk fan keunstners út Drachten en omkriten yn de Fermanje oan 'e Suderbuert 26 yn Drachten. Noch o/m 24 oktober. Op moandei 26 oktober wurdt de eksposysje ôfsluten mei in feiling. Om 19.00 oere. De opbringst is foar de renovaasje fan de Grutte Tsjerke yn Drachten.
www.pgdrachten.nl
- Ynformaasje oer de foarstellings dy't de kommende tiid op it programma steane yn @It Heech yn Ferwert.
www.pinsupsanddowns.com

2e oere (10.00-11.00)
- Berneboekedei yn Terherne. Snein 18 oktober fan 13.00 oere ôf.
www.kinderboekendag.nl
- Projektlieder Marijke Tiemersma jout ynformaasje oer it projekt 'Het DNA van Leeuwarden' oftewol DNALWD2018.
www.dnalwd2018.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan Die Twa en ynformaasje oer harren ôfskiedstournee.
www.dietwa.nl
- Eksposysje 'Breien!' yn Fries Museum yn Ljouwert. Fan 17 oktober o/m 28 augustus 2018.
www.friesmuseum.nl
- Antony Hermus, de nije fêste gast-dirigint fan it Noord Nederlands Orkest, oer it konsert-seisoen 2015-2016 fan it NNO.
www.nno.nu
- Peter Tuinman oer syn rol as ynspekteur De Cock yn de toanielfoarstelling 'Baantjer Live! 2'. Yn Fryslân te sjen op 17 en 18 oktober yn Theater Sneek yn Snits, op 4 desimber yn de Lawei yn Drachten en op 22 desimber yn de Harmonie yn Ljouwert.
www.vanlambaart.nl

09:20 - Four Tops - Loco In Acapulco
09:42 - Wiebe Kaspers - Aldegea
10:15 - Enigma - Return To Innocence

Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Harkje nei Op & Ut, op 'e radio. Mei fansels it nijs út de natoer en de tips foar de tún.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio
(advertinsje)