Op & Ut fan 17 jannewaris 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden
  • de Brân - de Brand, foarstelling oer Grutte Pier

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Fanút kafé de Bak praat presintator Douwe Heeringa mei leden fan Toonkunstkoor Dokkum oer harren nijskjirrich konsert wer't "Das Lied von der Glocke" útfiert wurdt, mei Pyr Tilma fan teatergroep Enge Buren, mei sjonger/dirigent Marco Rypma dy't mei syn teaterkoar Marcanto La Belle Epoque presinteart en mei Dirk Bruinsma, regisseur fan De Brân-de Brand de foarstelling oer Grutte Pier.
Der is live muzyk tusken 11.00 en 12.00 oere fan John Condron en Christopher James Sheridan.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Wk klunen mei in grutte wintermerke yn Grou
www.wkklunen.nl
- Toonkunstkoor Dokkum mei in nijskjirrich konsert wer't "Das Lied von der Glocke" útfiert wurdt mei begelieding fan it Holland Symfonie Orkest en fjouwer solisten.
www.toonkunstkoordokkum.nl
- Teater Sense yn Dokkum oer harren programmearing de kommende tiid.
www.sensedokkum.nl/theater

2e oere (10.00-11.00)
- Horst Schulz jout rûnliedings yn de Blokhúspoarte en fertelt hjir oer.
www.blokhuispoort.frl
- Pyr Tilma fan teatergroep Enge Buren dy't 23 jannewaris yn de Skâns op'e Gordyk en 3 maart yn de Harmonie yn Ljouwert optrede.
www.engeburen.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Koar Looft den Heer út Wynjewâld siket gastsjongers foar it projekt De Kruisiging.
- live muzyk fan John Condron en Christopher James Sheridan.
www.johncondron.com
- teaterkoar Marcanto presinteart La Belle Epoque sneon yn Drachten en snein yn Oosthem. - -
www.facebook.com/TheaterkoorMarcantoDrachten
- Foarstelling De Brân-De Brand oer Grutte Pier yn Kimswert
www.peergroup.nl

09:09 - Elton John - I'm Still Standing
09:23 - Johannes Rypma - In Groet
09:30 - Oceana - Lala
09:54 - Glen Campbell - Wichita Lineman
10:08 - Family Of The Year - Hero
10:23 - Di Gojim - De Wijze Mannen
11:07 - Gibson Brothers - Que Sera Mi Vida
11:43 - Weima & Van Der Werf - Lytse Dingen

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)