Op & Ut fan 16 maaie 2015 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de 1e edysje fan 'Plunje' yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert, oer it 'Café van de Kleine Wetenschap' yn it Oranje Bierhuis yn Ljouwert en oer de try-outs fan de Ashton Brothers yn it Posthûsteater op It Hearrenfean.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Jacob Bijlsma oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan sjonger Gerrit Breteler tegearre mei pianist Clara Rullmann en it Trio Dyonissus.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Jacob Bijlsma mei nijs út de natoer.
- Asianfestival fan teatergroep Play oan de Boeijengastrjitte 1 yn Gau. Sneon 16 maaie fan 12.00 oere ôf.
www.facebook.com/events/281486602059422/
- 1e edysje fan 'Plunje', 'vintage' en 2e hâns klean evenemint yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Sneon 16 maaie fan 10.00-17.00 oere.
www.plunje-leeuwarden.nl
- Teaterdirekteur Ben v.d. Knaap fertelt oer de kommende foarstellings yn Theater Sneek yn Sntis.
www.theatersneek.nl

2e oere (10.00-11.00)
- 'Feteranenmiddei' mei Hylke Speerstra en Gerrit Breteler yn Frysk Lânbou Museum yn Earnewâld. Snein 17 maaie om 15.00 oere.
www.frieslandbouwmuseum.nl
www.gerritbreteler.nl
www.hylkespeerstra.nl
- 'Café van de Kleine Wetenschap' oer 'hebzucht'. Tiisdei 19 maaie om 20.00 oere yn it Oranje Bierhuis oan it Auckamastrjitsje 2 yn Ljouwert.
http://ucf.frl/nl/agenda/
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Konsert akkordeonkwintet Variabile en Trio Dyonissus yn Theater Sneek yn Snits. Snein 17 maaie om 11.30 oere.
www.theatersneek.nl
- Try-outs fan Ashton Brothers yn Posthûsteater op It Hearrenfean. Freed 15 maaie om 20.15 oere en sneon 16 maaie om 16.00 oere en 20.15 oere.
www.posthuistheater.nl
www.ashtonbrothers.nl
- Greg Shapiro stiet mei syn comedyshow 'How to be Frisian' yn de Harmonie yn Ljouwert. Tongersdei 21 maaie om 20.00 oere.
www.harmonie.nl
www.how2bfrisian.nl
- It keunst-evenemint 'Keik' yn Harns wurdt ôfsluten mei in keunstfeiling. De opbringst is foar de Stichting Michael Wings. Sneon 16 maaie om 15.15 oere yn de Grutte Tsjerke yn Harns.
www.keikharlingen.nl
www.michael-wings.nl

09:19 - Armand & The Kik - Snelle Jongens
09:29 - Paul Simon - Late In The Evening
09:39 - Jenny Arean - Het Is Over (Live)
10:48 - Racoon - Guilty
11:22 - Paul Mccartney - Say Say Say
11:47 - Sam Smith - Like I Can

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)