Op & Ut fan 16 july 2016 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer in modelspoarbeurs op it stasjon yn Snits, oer it kuiernetwurk Fryslân en oer de teatrale kuier ‘Visserslatijn’ yn Heech.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan de Katalaanske blokfluitist Carles Vallès i Castelló en Robert Koolstra op klavesimbel en in ensemble mei pianist Hessel bij de Leij.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Modelspoarbeurs op it stasjon yn Snits. Sneon 16 july fan 10-17 oere en snein 17 july fan 13-17 oere.
www.treinenmuseum.nl
- Eksposysje ‘Natuurmomenten van een Boswachter’ mei foto’s fan Trino van der Geest. Fan 19 july oant ein septimber te sjen yn it Gemeentehûs fan Ljouwerteradiel yn Stiens.
www.leeuwarderadeel.nl/actueel/nieuws-en-persberichten/nieuwsbericht/arc...
- Kuiernetwurk Fryslân
http://www.omropfryslan.nl/data/omrop/programmas/openut/wandelnetwerken.pdf

2e oere (10.00-11.00)
- Konsert ‘Tusken Catalunya en Fryslân’. Freed 22 july om 19.30 oere yn de Sint Agathatsjerke yn Aldegea (Sm.).
www.oudega.info/agenda/
www.fryskmuzykargyf.nl/barokconcert-tusken-catalunya-en-fryslan-1.ashx
- Slieker Film yn Ljouwert fiert 120 jier film yn Nederlân.
http://sliekerfilm.nl/nieuws/zaterdag-16-juli-2-kaarten-halen-1-betalen/
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- De stichting Appassionata set snein 17 july yn de Fermanje yn Ljouwert útein mei in rige ‘Zomerse Zondagmiddagconcerten’. Om 15.00 oere. Tagong fergees.
www.appassionata-leeuwarden.nl
- Eksposysje ‘LandArt en Beelden’ (tema: ‘Flechtich Ljocht’). Fan 3 july o/m 28 augustus 2016 yn it park fan lânguod Staniastate yn Oentsjerk. Sneon 16 july om 15.30 oere is de offisjele iepening.
www.staniastate.nl/activiteit/beelden-expositie-tm-28-augustus/
www.meivoorbei.nl
- Stedskuiers yn Ljouwert fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert
https://historischcentrumleeuwarden.nl/toerisme/stadswandelingen-apps
- ‘Visserslatijn’, in teatrale kuier troch Heech oer de ielhannel fan eartiids tusken Heech en Londen. O/m 1 septimber alle tongersdeis yn Heech. De start is om 15.00 oere by it Hellinghûs oan de Skatting 81.
www.actatheater.nl

09:18 - Clarence Clemense & Jack Brown - You're A Friend Of Mine
09:32 - Gnash (Ft. Olivia O'brien) - I Hate U I Love U
09:46 - Gino Politi - Viva La Mamma
10:24 - Helen Sjoholm & Stefan Nilsson - Gabriella's Song (Ut 'as It Is In Heaven')
10:30 - Swing Out Sister - Am I The Same Girl
11:31 - Alison Moyet - Is This Love

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)