Op & Ut fan 14 novimber 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de eksposysje 'Zamma, Damas, Damje!' by Tresoar yn Ljouwert, de útfiering fan Duruflé's rekwiëm troch Cantatrix yn de Bonifatiustsjerke yn Ljouwert en oer de lêzing oer 'Waanzin in de Kunst' yn de Doarpstsjerke yn Beetstersweach.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan Robert Jan Stips en The Given Horse.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Utstalling 'Zamma, Damas, Damje!' by Tresoar yn Ljouwert. Fan 13 novimber 2015 o/m 17 jannewaris 2016.
www.tresoar.nl
- Lêzing oer de komst en yntegraasje fan Yndyske Nederlanners yn Ljouwert yn de perioade fan 1950-1980 en oer it boek 'Karels Koffer' fan Henk de Vries.
Snein 15 novimber om 14.00 oere yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
www.historischcentrumleeuwarden.nl
www.uitgeverijlouise.nl
- Foarstellings dy't BOOG dit winterskoft yn Boalsert programmearre hat.
www.boog-bolsward.nl
www.filmhuisbolsward.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Konserten fan Robert Jan Stips yn @It Heech yn Ferwert. Freed 13 en sneon 14 novimber om 20.30 oere.
www.pinupsanddowns.com
- Cantatrix mei útfiering fan Duruflés rekwiëm yn Bonifatiustsjerke yn Ljouwert. Snein 15 novimber om 15.00 oere.
www.cantatrix.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Konsert The Given Horse yn De Posthoorn yn Dokkum. Sneon 14 novimber.
www.thegivenhorse.com
- Lêzing troch Eric Bos oer 'Waanzin in de Kunst' op tiisdei 17 novimber om 20.00 oere yn de Doarpstsjerke fan Beetstersweach.
www.kunstweekendbeetsterzwaag.nl
www.visualia.nl
- Lêzing troch Meike Nienhuis oer 'Kerstversieringen van vroeger' yn Frysk Skipfeart Museum yn Snits. Tongersdei 19 novimber om 14.00 oere.
www.friesscheepvaartmuseum.nl
http://nienhuis.home.xs4all.nl/
- Ynformaasje oer it nije programma 'Ik bin benijd'.
www.omropfryslan.nl/programma/ik-bin-benijd

09:19 - O.M.D. - Forever Live And Die
11:29 - Aretha Franklin - Respect

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)