Op & Ut fan 14 maart 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden
  • Sint Pitertsjerke fan de PKN gemeente Grou

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer in lêzing oer de Bildtske lânbou yn de Ioannis Teatertsjerke yn Wier, de útfiering fan it 'Canto Ostinato' fan Simeon ten Holt yn de St. Pitertsjerke yn Grou en de eksposysje 'Geleende gezichten' fan keunstnares Ada Stel yn museum Sjoel yn Elburg.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan Souldada en de band 'Just us'.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Yn it Heechhûs yn Heech is in 'Blik op Beeld' dei fan it Fries Film Archief en 'Heech Fan Alds'. Ynwenners fan Heech en omkriten kinne hjir delkomme mei har âlde filmkes en fideo's. Sneon 14 maart om 13.30 oere.
www.friesfilmarchief.nl/nieuws
- Lêzing troch Piet Hoekstra oer 'Orten en andere Bildtse gewassen'. Snein 15 maart om 15.00 oere yn de Ioannis Teatertsjerke yn Wier.
www.ioannistheatertsjerkewier.nl
www.bildtseaardappelweken.nl
- Eksposysje 'Geleende gezichten' mei 102 portretten fan bern út Westerbork, skildere troch Ada Stel. Fan 19 maart o/m 20 juny 2015 yn Museum Sjoel yn Elburg.
www.sjoelelburg.nl
www.adastel.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Live optreden fan Souldada.
www.souldada.nl
- Utfiering fan it 'Canto Ostinato' fan Simeon ten Holt yn de Sint Pitertsjerke yn Grou. Snein 15 maart om 16.00 oere.
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan de band 'Just us'. Oanlieding is it ôfskiedsfeest fan bandlid Jan Lilipaly op sneon 14 maart om 14.00 oere yn mfc 't Westen yn Ljouwert.
- Petear mei Oeds Westerhof oer KH2018.
www.2018.nl
- Iepen dagen fan de soarchsintra Mariënbosch op It Hearrenfean en St. Theresia op 'e Jouwer op sneon 21 maart fan 09.30 oant 14.00 oere. Dit yn it ramt fan de lannelike 'week van zorg en welzijn'.
www.weekvanzorgenwelzijn.nl
www.zorggroepsintmaarten.nl
- Lêzing troch Bearn Bilker oer 'Maria Louise, prinses van Hessen-Kassel'.
Sneon 14 maart om 13.30 oere yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
www.historischcentrumleeuwarden.nl

09:08 - Tight Fit - The Lion Sleeps Tonight
09:22 - David (Ft Sam Martin) Guetta - Dangerous
09:43 - Eli - Paperboy - Reed - Come And Get It
10:07 - Johannes Rypma - In Groet
11:06 - Supertramp - Take The Long Way Home

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)