Op & Ut fan 13 febrewaris 2016 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer it jubileumkonsert fan it Combo Fleur, it 'Gay and Lesbian' filmwykein op Flylân en it muzikale teaterprogramma 'In libben fol Muzyk' fan Anneke Douma.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan sjongeres Sandra v.d. Meer en gitarist Kees de Groot en fan singer/songwriter Roon Staal.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- ARK Fryslân makket in toer by 4 doarpen del om mei de minsken yn petear te gean oer hokker plakken yn har wenplak sy moai of krekt hiel lilk fine. Sneon 13 febrewaris komt ARK Fryslân nei Drachten (Súdkade, ûnder de luifel fan de winkel fan Euroland by it kariljon fan 09.00-12.00 oere) en Burgum (Merk by de trochgong nei de Aldi fan 13.00-16.00 oere) en op sneon 20 febrewaris op It Hearrenfean (op 'e Passage by C & A fan 09.00-12.00 oere) en op 'e Gordyk (by Blokker en Action fan 13.00-16.00 oere).
www.arkfryslan.nl/activiteiten-en-projecten/mooilelijk-drachten-burgum/
- Valentijnskonsert fan brassband De Bazuin út Oentsjerk. Sneon 13 febrewaris om 20.00 oere yn De Lawei yn Drachten.
www.debazuinoenkerk.nl
www.lawei.nl
- Foarstellings dy't de kommende tiid te sjen binne yn stedsskouburch De Harmonie yn Ljouwert.
www.harmonie.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Live optreden fan Sandra v.d. Meer en Kees de Groot
www.sandravandermeer.nl
- Jubileumkonsert fan it blazers- en akkordeonorkest Combo Fleur. Snein 14 febrewaris om 15.00 oere yn de Fermanje oan 'e Wurdumerdyk 18 yn Ljouwert.
www.combofleur.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Konsert fan singer/songwriter Roon Staal yn de Ioannis Teatertsjerke yn Wier.
www.ioannistheatertsjerke.nl
www.roonstaal.com
- Muzikaal teaterprogramma 'In libben fol Muzyk' fan Anneke Douma. Snein 14 febrewaris om 15.00 oere yn restaurant 'De Grote Wielen' yn Ljouwert.
www.grote-wielen.nl/valentijnsdag-actie/
www.agnessambrink.com/In%20libben%20fol%20musyk.html
- 'Gay and Lesbian' filmwykein. Fan 4 o/m 6 maart 2016 by Podium Vlieland op Flylân.
www.podiumvlieland.nl
- 11-stêdentochtkwis yn kafee De Bak yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Freed 19 febrewaris om 20.30 oere.
www.facebook.com/events/920603064682852/

09:17 - Eurythmics - There Must Be An Angel
09:27 - Justin Bieber - Love Yourself
09:35 - Katrina & The Waves - Love Shine A Light
09:45 - Stromae - Tous Les Memes
10:22 - Sting - This Cowboy Song
10:34 - Senna Black - Higher
11:47 - X-Ambassadors - Renegades

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)