Op & Ut fan 13 augustus 2016 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.

Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare mei in muonts út Tibet. Venerable Bagdro fertelt oer de ûnderdrukking yn Tibet troch Sjina en de gefolgen dêrfan foar de befolking en syn famylje. Dêrneist komt regisseur Corina van Eijk oer de Macbeth foarstelling. Se nimt haadrolspiler Marcel van Dieren mei. En Geert van der Velde syn nije audiofisuele foarstelling giet yn premjêre op it Noorderzonfestival, wy krije alfêst in foarpriuwke.

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer en Piet Paulusma oer it waar.

Fierder binne der live optredens fan Jaap Prins tegearre mei Michiel Mulder en Linnaea Brophy en Mana Oguchi

Alle ûnderwerpen:
1e oere (09.00-10.00):
- Jacob Bijlsma mei nijs út de natuer
- Pia Marra en Sytse Nijboer oer Beleef de Hemrik op 13 augustus fan 10:00 oant 15:00 yn Hemrik.
http://www.dehimrik.nl/
- Marijke Veldman en Venerable Bagdro fertelt oer de ûnderdrukking yn Tibet troch Sjina en de gefolgen dêrfan foar de befolking en syn famylje. Hy jout hjir freed 19 augustus om 20:00 in lêzing oer yn Goingarijp.
In dokumintêre oer syn ferhaal: https://www.youtube.com/watch?v=s9ZLvD_kcJc
- Gieneke Arnolli en Anita Sixma oer de breimerk en de Breien! tentoanstelling yn it Frysk Museum. De breimerk is op snein 14 augustus fan 11:00 ôf yn Ljouwert.
http://www.friesmuseum.nl

2e oere (10.00-11.00):
- Jaap Prins en Michiel Mulder fan The Frisian Bluesgang spylje op sneon 13 augustus fan 16:00 ôfop it Open Baard Muziekfestival yn Baard.
http://cafebaard.nl/
- Corina van Eijk en Marcel van Dieren oer de Macbeth foarstelling op woansdei 17 augustus yn Spanga.
http://www.operaspanga.nl/
- Maaike Herder en Matthijs van Waart oer de 65ste fokdei fan fokferiening 'Het Friese Paard' yn Wolvega. Dy is op freed 19 augustus 11:00 en sneon 20 augustus 08:30 yn Oldeholtpade
http://www.friesepaardwolvega.nl/
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00):
- Linnaea Brophy en Mana Oguchi binne twa bûtenlânske top-talinten spylje beide op 13 en 14 augustus yn Beetstersweach.
https://sites.google.com/site/cultbee/
- Jan Oosterloo en Arend Pruntel oer de Fiets4daasge Appelskea, dy is fan tiisdei 16 augustus oant freed 19 augustus
http://www.fiets4daagseappelscha.nl/
- Jaap van der Boon oer de fytsrûte oer Centrale AS op sneon 13 augustus
- Geert van der Velde a.k.a The Black Atlantic oer syn foarstelling Somnium dy't op Noorderzon(18 t/m 28 augustus) yn premjêre giet.
http://theblackatlantic.com/
https://www.noorderzon.nl/programma/programma-items/the-black-atlantic

09:18 - Fairground Attraction - Perfect
09:32 - Kungs Vs. Cookin On 3 Burners - This Girl
09:47 - Gusttavo Lima - Balada
10:25 - Lutricia Mcneal - My Side Of Town
10:31 - Coldplay - Up & Up
10:46 - Manu Chao - Me Gusta Tu

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)