Op & Ut fan 12 novimber 2016 09:00

  • Spiler wurdt laden
  • Duo Dell'Arte
  • Jannie Brandsma
  • John Primer treedt op op it Bluesfestival yn de Harmonie yn Ljouwert
  • Ien fan de wurken fan Esther van Hulsen dy't te sjen is yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer in bluesfestival yn de Harmonie yn Ljouwert, de presintaasje fan it boek ‘Gasten tegen wil en dank’ en it sympoasium ‘Autisme Werkt!’ yn Burgum.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan it Duo Dell’Arte (klarinet en piano) en fan sjongeres Jannie Brandsma mei begelieding fan Johan Keus en Frans van Dijk op gitaar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Sympoasium ‘Autisme Werkt!’. Tiisdei 22 novimber fan 17.00 oere ôf oan ‘e Splitting 21-23 yn Drachten.
www.autismewerkt.info
- Jouster Fanfare presintearret ‘The Movies’, filmbylden mei live muzyk fan û.o. Jurassic Park, Star Wars, James Bond. Sneon 12 novimber om 20.00 oere yn de Evenemintenhal op ‘e Jouwer.
www.jousterfanfare.nl
- By Finster begjint op 14 novimber it ferfolch op de rige '18 yn 2018'. Yn 2014 is Dieuwke Kroese mei de rige begûn. Se folget mei de kamera achttjin jongeren dy't yn 2018 achttjin jier binne. Hoe giet it no mei harren, wat dogge se, wat binne harren dreamen?
www.finsteropfryslan.frl
http://kroesemedia.nl/video-s/documentaires/18in2018

2e oere (10.00-11.00)
- Konsert Duo Dell’Arte yn de Maartenstsjerke yn Kollum. Snein 13 novimber om 19.30 oere.
www.maartenskerkconcerten.nl
https://duodellartesite.wordpress.com
- Op 17 novimber ferskynt it boek ‘Gasten tegen wil en dank’ fan de skriuwer Erik Betten. It boek fertelt it ferhaal fan de Belgyske flechtelingen dy’t 100 jier lyn op ‘e flecht giene foar it geweld fan ‘e Earste Wrâldoarloch en ûnder mear ûnderdak fûnen yn Menameradiel.
www.wijdemeer.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- ‘Topzondag met Koffiegeur’ fan Cultuur Kwartier Sneek. Diskear mei Bigband Cue en koperensemble Koperguod. Snein 13 novimber om 15.30 oere yn Theater Sneek yn Snits (Noardertsjerkeseal).
www.theatersneek.nl
www.bigbandcue.nl
www.koperguod.nl
- Eksposysje ‘Et annet stedt, en annen tid’ mei wurk fan Esther van Hulsen. Fan 12 novimber 2016 o/m 5 maart 2017 yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert.
www.natuurmuseumfryslan.nl
www.esthervanhulsen.com
- Bluesfestival yn de Harmonie yn Ljouwert. Freed 18 novimber om 20.30 oere.
www.harmonie.nl
- Foar de nije edysje fan ‘Ik bin benijd!’ is Omrop Fryslân op syk nei entûsjaste Friezen dy’t ûntdekke wolle wat der yn ús provinsje te dwaan is op it gebiet fan keunst en kultuer.
www.omropfryslan.nl/ikbinbenijd

09:19 - Abc - The Night You Murderd Love
09:33 - Ellie Goulding - Still Falling For You
09:45 - Eagle Eye Cherry - Save Tonight
10:27 - Carly Simon - You're So Vain
10:34 - Maroon 5 - Don't Wanna Know
11:26 - Omi - Cheerleader
11:32 - Weima & Van Der Werf - De Moarn

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)