Op & Ut fan 12 desimber 2015 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut fansels rom omtinken foar de aksje 'Samen voor de Voedselbank'. Yn ferbân mei dizze aksje komt Op & Ut diskear net út De Blokhúspoarte wei, mar 'gewoan' út de studio yn Ljouwert.
Fierder in protte oandacht foar krystproduksjes. Oan bod komme it krystkonsert 'Christmas from Cambridge', de rige krystkonserten 'Thús mei Kryst' en de krystmusical 'De sterren van Bartlehiem.
De fêste gasten binne ek wer fan de partij: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
En der binne live optredens fan it fluitkwartet 'Four Flutes' en singer/songwriter Wiebe Kaspers.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Krystmerk foar Nepal yn atelier 't Opslag oan 'e Kade 42 yn St. Nyk. Sneon 12 en snein 13 desimber fan 11.00-18.00 oere. De opbringst is foar de stichting Pema.
www.facebook.com/Atelier-t-Opslag-1539912926293542/
www.projectpema.nl
- Konsert troch sjongeres Janny Zomer en pianiste Nynke Eekhof mei bydragen fan ferteller Mindert Wijnstra. Snein 13 desimber om 15.00 oere yn de Lawei yn Drachten. Utfierd wurde wurken fan de Russyske komponist Modest Moessorgski.
www.lawei.nl
- Bijdrage yn it ramt fan de aksje 'Samen voor de Voedselbank'.
www.omropfryslan.nl/voedselbank

2e oere (10.00-11.00)
- Live optreden fan it fluitkwartet Four Flutes.
www.fourflutes.nl
- Krystkonsert 'Christmas from Cambridge' troch it jongeskoar fan St. John's College, Cambridge. Woansdei 16 desimber om 19.30 oere yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert.
www.roderjongenskoor.nl/17/concertagenda#meer
www.sjcchoir.co.uk/events/christmas-tour-netherlands-2015
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan Wiebe Kaspers, Daan Slagter en Florian den Hollander.
Wiebe Kaspers bringt sneon 12 desimber foar de lêste kear syn teaterkonsert 'It frije lân'. Om 20.30 oere yn de tsjerke fan Jorwert.
Snein 13 desimber jouwe it Vocaal Ensemble Collage út Dokkum en it Wiebe Kaspers Trio in krystkonsert yn It Breahûs yn Balk.
www.wiebekaspers.nl
www.facebook.com/WiebeKaspers
- 'Thús mei Kryst', rige krystkonserten m.m.f. ûnder oare Tetsje van der Kooi en Aart Staartjes.
www.konserten.nl
www.tetsjevanderkooi.nl
- Krystmusical 'De sterren van Bartlehiem' yn it Posthûsteater op It Hearrenfean. Fan 19 desimber o/m 30 desimber 2015.
www.posthuistheater.nl
- Dielnimster Wopkje Bergmans fan 'Ik bin benijd' fertelt oer har ûnderfinings. Se hat by Fogelsangh State yn Feankleaster west en se hat in rûnlieding meimakke troch de Blokhúspoarte yn Ljouwert.
Fierder fertelle de bruorren Gerard en Hans de Vries oer harren ûnderfinings yn 'Ik bin benijd' mei de foarstelling 'Nachtvlinder' fan Tet Rozendal en de útstalling 'Breien!' yn it Fries Museum yn Ljouwert.
www.omropfryslan.nl/programma/ik-bin-benijd
www.fogelsangh-state.nl
www.blokhuispoort.frl
www.blokhuispoort.nl
www.tetrozendal.com

09:19 - Climie Fischer - Love Changes Everything
09:31 - Lois Lane - Simply Beautiful
09:45 - Sam Hunt - Take Your Time
09:51 - Ed Sheeran - Don't
11:26 - Alleen Muziek - 13/12 Juul Juul Deel 2 Uit Op &Ut
11:44 - James Morrison - Demons

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)