Op & Ut fan 11 april 2015 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer in nije film dy't spesjaal foar It Damshûs yn Nij Beets makke is, oer de iepen dei fan golfklub Lauswolt yn Beetstersweach en oer de eksposysje 'Herbarium Cataplasma' yn it Fries Museum yn Ljouwert.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan sjongeres Inez Timmer en Top Secreet.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Yn it nije 'filmhûs' fan it iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets is sneon 11 april de (besletten) premjêre fan de film 'Armoe-werk-macht-strijd'. De film sil dêrnei, fan 18 april ôf (tidens de iepeningstiden fan it museum), foar elts te sjen wêze. Regisseur en skriptskriuwer Jan Pieter Visser fertelt der mear oer.
www.damshus.nl
- Golf & Country Club Lauswolt hâldt snein 12 april in iepen dei. Eltsenien dy't yn 'e kunde komme wol mei de golfsport, is wolkom fan 10.00-16.00 oere oan de Van Harinxmawei 8A yn Beetstersweach.
www.golfclublauswolt.nl
- Eksposysje 'Herinner de Vrijheid' yn Museum Opsterlân op 'e Gordyk. Fan 7 april o/m 5 maaie 2015.
www.museumopsterlan.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Live-optreden fan Inez Timmer. Se stiet sneon 11 april om 20.00 oere mei har programma 'Lili Marleen, eeuwfeest van een schuldig lied' yn 'Kleintheater De vier Pelikanen' yn Ljouwert.
www.ineztimmer.de
www.devierpelikanen.nl
- Eksposysje 'Herbarium Cataplasma' fan keunstner Laurence Aëgerter yn Fries Museum yn Ljouwert. O/m 10 maaie 2015.
www.friesmuseum.nl
www.laurenceaegerter.com
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Saskia Bak, direkteur fan it Fries Museum, docht oprop om te stemmen foar de 'Museumprijs 2015'.
www.museumprijs.nl/friesmuseum
- Live optreden fan Top Secreet. Top Secreet stiet 18 april om 20.00 oere yn de Harmonie yn Ljouwert. De foarstelling is útferkocht, mar belangstellenden kinne in berjocht stjoere nei info@topsecreet.nl. By genôch belangstelling, sil der besocht wurde in ekstra foarstelling te regeljen.
www.topsecreet.nl
www.harmonie.nl
- Rigt Oostenbrug fan 'e Lawei fertelt oer bysûndere foarstellings dy't de kommende tiid yn skouburch De Lawei yn Drachten te sjen binne.
www.lawei.nl
- Lêzing Peter Hein oer syn boeken 'De onderduikers' en 'Het zesde jaar'. Snein 12 april om 14.30 oere yn de bibleteek yn Drachten.
www.bibliotheekdrachten.nl
www.peterhein.nl
- De frijwilligersorganisaasje yn Ljouwert bestiet 70 jier.
http://leeuwarden.uvvnoord.nl

09:18 - Mike Oldfield - Moonlight Shadow
09:31 - Wiebe Kaspers - Dream Mar Leave (Proloog)
09:42 - Alain Clark - Back In My World
10:47 - Racoon - Guilty
11:13 - Boys Town Gang - Signed, Sealed Delivered (I`M Yours)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)