Op & Ut fan 10 oktober 2015 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer 'It bjusterbaarlik suver nuver museum wykein', de foarstelling 'Memmesiel' fan De Sterke Froulju, Akademy-lêzings fan 'e Fryske Akademy en it projekt 'In bosk fan minsken' fan Tryater.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Jacob Bijlsma oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan de Syryske musisi Mahmoud Moufleh en Ousama Boudaka en de Fryske folkband Reizger.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Jacob Bijlsma mei nijs út de natoer.
- 7 Fryske musea en ynstellings hâlden sneon 10 en snein 11 oktober 'It bjusterbaarlik suver nuver museum wykein'. Dit yn it ramt fan it tema fan de berneboekewike 'Raar maar waar'.
www.facebook.com/museumwykein
www.kinderboekenweek.nl
- Troubeurs yn de Sint Willibrordustsjerke yn Holwert. Sneon 10 oktober fan 10.00-20.00 oere en snein 11 oktober fan 11.00-17.00 oere. Tagong fergees.
http://www.tstbb.nl/nieuws/
- De Sterke Froulju ha 16 oktober yn De Einekoer yn Ryptsjerk de premjêre fan har Fryske teaterstik 'Memmesiel'.
www.sterkefroulju.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Benefytkonsert foar Syryske flechtelingen yn Noardertsjerke yn Snits. Snein 11 oktober om 15.30 oere.
http://www.theatersneek.nl/programma/sneek-voor-syrie/
- Eksposysje mei wurk fan de Fryske skilder Ids Wiersma yn galery Jan Reinder Adema yn Damwâld.
www.janreinderadema.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- De Fryske folkband Reizger treedt sneon 10 oktober om 20.30 oere op yn doarpshûs De Kampioen yn Hijum en snein 11 oktober om 15.00 oere yn de Witte Kerk op 'e Himrik.
www.reizger.com
http://www.wittekerkhemrik.nl/agenda/
- Foarstelling 'Remys Flecht', in grut spektakel mei û.o. hynste-acts, teater en muzyk fan streekharmony Concordia. Sneon 17 oktober om 19.30 oere yn maneezje Gaasterlân yn Harich.
www.concordiabalk.nl
- Akademy-lêzings 2015-2016 fan 'e Fryske Akademy.
https://www.fryske-akademy.nl/nl/aginda-aktueel/akademylezingen-2015-2016/
- 'In bosk fan minsken' fan Tryater. 14 oktober o/m 30 novimber 2015. Ynspiraasjeprojekt om de jubileumfoarstelling Grûn hinne.
www.tryater.nl
www.inboskfanminsken.nl

09:18 - Mike Oldfield - Moonlight Shadow
09:43 - Alain Clark - Love Is Everywhere
11:28 - Dotan - Let The River In

Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Harkje nei Op & Ut, op 'e radio. Mei fansels it nijs út de natoer en de tips foar de tún.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio
(advertinsje)