Op en Ut fan 9 maaie 2013

Noch gjin plannen makke foar Himelfeartsdei?. Harkje dan tongersdeitemoarn nei de ekstra útstjoering fan Op & Ut. Dêryn allegear tips om der in moaie dei fan te meitsjen. Oan 'e oarder komme ûnder mear de blomkemerk yn Ljouwert, it Wâldpopfestival yn Burgum en de stoom- en modelboudagen op lânguod Nienoord yn De Like.
 
 
 
Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Jacob Bijlsma mei nijs út de natoer
- Blomkemerk op Himelfeartsdei yn de binnested fan Ljouwert. Fan 08.00-18.00 oere.
- Dance-event 'Hemels' op it Aldehoustertsjerkhou yn Ljouwert.
www.hemelsfestival.nl
- Iepenloftswimbad de Sawn Stjerren út Hallum fiert 45-jierrich bestean.
www.desawnstjerren.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Ming-Princessedag' fan keramykmuseum Princessehof yn de Prinsetún yn Ljouwert.
www.princessehof.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Iepenloft popmuzykfestival ParkBOP yn Julianapark yn Boalsert
www.stichtingbop.nl
- Wâldpop festival op de sportfjilden yn Burgum
www.waldpop.nl
- 40ste edysje fan de Stoom- en modelboudagen op lânguod Nienoord yn De Like
www.landgoednienoord.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Keunstwykein fan keunstnersferiening 'Achter Dijken' yn Penjum (10, 11 en 12 maaie).
www.kunstachterdijken.nl
- The Classic Rock show yn Theater Sneek yn Snits (10 maaie 2013)
www.theatersneek.nl www.classicrockshow.nl
- Ekstra foarstellings 1275 dagen yn it Aldahuys yn Bears
www.1275dagen.nl
- Slachwurkkonsert troch 002 Percussion Quartet yn de Laurentiustsjerke yn Kimswert. Himelfeartsdei 9 maaie om 15.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)