Op en Ut fan 5 Oktober 2013

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de 'Maria-prosesje' yn Ljouwert, de foarstelling 'In moaie jûn' fan Tryater en de útfiering fan 'Macbeth' troch it operakoar Amadeus.
Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer.
- Aktiviteiten yn Fryslân yn it ramt fan de 'Maand van de geschiedenis'
www.maandvandegeschiedenis.nl
- Premjêre foarstelling 'Mata Hari' fan Tet Rozendal
www.tetrozendal.nl www.harmonie.nl
- Feestlike iepening fan it kultureel seisoen yn Mfc 'De Wjukken' yn Mantgum
www.wjukken.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Maria-prosesje troch it sintrum fan Ljouwert. Snein 6 oktober om 15.15 oere. Start by de Bonifatiustsjerke, de tocht einiget by de Dominicustsjerke.
www.titusbrandsmaparochie.nl
- Foarstelling 'Sterk Staaltsje' troch Jan Arendz en Marijke Geertsma
www.jmteaterwurk.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Ellen Bakker oer har foarstelling 'Waden'
www.wadenmuziektheater.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Operakoar Amadeus bringt útfiering fan 'Macbeth'
www.operakooramadeus.nl
- Foarstelling 'Cesilia Tan' fan selskip 'De Blaue Toer'
www.blauetoer.nl
- Foarstelling 'In moaie jûn' troch Tryater
www.tryater.nl
- Konsert Dmitry Ivanov (fioele) en Frans Douwe Slot (piano) op sneon 12 oktober om 15.00 oere yn it Auditoarium fan it Medysk Sintrum Ljouwert
www.appassionata-leeuwarden.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)